Coevorden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje
Rigel 43:
De [[feanterij]] yn de [[Achttjinde iuw|achttjinde]] en [[njoggentjinde iuw]] brocht wurkgelegenheid yn Coevorden, dêr't de binnenhaven brûkt waard foar de [[turfskip]]pen, dy't de [[Turf (brânstof)|turf]] nei [[Hollân]] ferfierden. Nei it [[turfstekke]]n ôfnaam, rekke Coevorden hieltyd mear yn it neigean. It neiere [[Emmen]] naam de regionale funksje fan Coevorden stadichoan oer.
 
Nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Emmen de wichtichste stêd yn de omkriten en in soad bedriuwen en ynstellings ferhûzen fan Coevorden nei dy stêd. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren fan de [[tweintichste iuw]] krige de ekonomy yn Coevorden in lytse oantrún mei it kommen fan bistefoerfabryk IAMS en it oanlizzen fan in [[Noardatlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]]-depot. Dat depot is no yn gebrûk fan it Nederlânske leger.
 
Mei it [[Europark]], dêr't de bou mid njoggentiger jierren fan úteinset waard, en foar in part op Dútsk grûngebiet oanlein wurdt, wol Coevorden de yndustry en it bedriuwslibben yn de omkriten in nije oantrún jaan.