Night Broken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
kt
Rigel 21:
}}
'''''Night Broken''''' (letterlik: "Troch de Nacht Brutsen") is it achtste diel fan 'e ''[[Mercy Thompson]]''-rige fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwster]] [[Patricia Briggs]]. It is in [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[roman]] fan it subsjenre fan 'e [[urban fantasy]], dy't [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[ik-perspektyf]], en ferhellet oer de Amerikaanske [[monteur]] Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge [[frou]] fan heal-[[Yndianen|Yndiaansk]] komôf dy't [[stalferwikseling|harsels feroarje kin]] yn in [[prêrjewolf]]. ''Night Broken'' waard foar it earst publisearre yn [[2014]], troch de [[New York (stêd)|New Yorkske]] [[útjouwerij]] [[Ace Books]], as [[hardcover]]edysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn [[paperback]]foarm by de [[Grut-Brittanje|Britske]] útjouwerij [[Orbit Books]]. Krekt as de oare dielen fan 'e rige wie ''Night Broken'' in grut súkses en helle it de [[bestseller]]list fan 'e [[krante]] de ''[[New York Times]]''.
__TOC__
 
==Ynhâld==
Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge [[frou]] dy't it fermogen om harsels yn in [[prêrjewolf]] (koyote) [[stalferwikseling|te feroarjen]] urven hat fan in [[Yndianen|Yndiaanske]] [[heit]] dy't in [[reynkarnaasje|ynkarnaasje]] fan 'e [[godheid]] en [[trickster]] [[Koyote (mytology)|Koyote]] wie. Hja hie yn 'e [[Tri-Cities (Washington)|Tri-Cities]] ([[Richland (Washington)|Richland]]-[[Kennewick (Washington)|Kennewick]]-[[Pasco (Washington)|Pasco]]), yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Washington (steat)|Washington]], as [[monteur]] en eigneresse fan in [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] in relatyf normaal bestean opboud oant se yn 'e foargeande dielen fan 'e searje almar djipper behelle rekke yn 'e oangelegenheden fan 'e pleatslike [[boppenatuerlike]] mienskip. Boppedat is se ûnderwilens [[houlik|troud]] mei har eardere buorman Adam Hauptman, in [[skieding (houlik)|skieden]] [[heit]] mei in [[dochter|tinerdochter]], dy't ek de alfa (lieder) fan 'e pleatslike [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]]-troep fan [[wearwolf|wearwolven]] is.
Rigel 62:
[[Kategory:Ingelsktalige roman]]
[[Kategory:Roman út 2014]]
[[Kategory:Literatuer oer fampieren]]
[[Kategory:Literatuer oer wearwolven]]
[[Kategory:Literatuer oer elven]]
 
[[en:Mercy Thompson#Appearances]]