Hoareka: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
De '''horeka''' (as [[ôfkoarting]]) of '''hoareka'''<ref>{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|737}}</ref> (as selsstannich [[wurd]]) is de sektor fan 'e [[ekonomy]] dy't alle [[iten|yt]]- en [[drinken|drink]]gelegenheden en [[sliep]]plakferstrekkende [[bedriuw]]en omfettet. De beneaming 'horeka' is in [[wurdlidwurd]], dat foarme is út 'e earste [[wurdlid]]den fan 'e [[wurd]]en [[hotel|<u>ho</u>tel]], [[restaurant|<u>re</u>staurant]] en [[kafee|<u>ka</u>fee]]. Neffens de [[Nederlân]]ske [[Drank- en Horekawet]] mei inkeld in horekabedriuw [[alkohol|alkohoalyske drank]] foar direkte [[konsumpje]] [[ferkeapje]]. Yn [[2010]] wiene der 42.828 horekabedriuwen yn Nederlân.
 
'Horeka' is yn it Nederlânske [[bestimmingsplan]] in offisjele bestimming, wat sizze wol dat it in troch de wet tastiene útoefening fan aktiviteit is yn 'e dêrfoar oanwiisde romte. It is dus net tastien om op samar in willekeurich plak in horekabedriuw te begjinnen. Boppedat makket it bestimmingsplan ûnderskie tusken 5 ferskillende [[kategory]]en horeka dy't elts in oare [[fergunning]] nedich hawwe:
Rigel 10:
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Horeca ''Noten'', op dizze side].
}}