Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 348:
Súkses. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 16 jul 2019, 21.35 (CEST)
:No dat liket der mar op! Ik hie my foarnommen om it nei it Nederlânsk te transliterearjen, mar no kin it nei it Frysk. Eins hiel handich om it by it lemma oer it [[Armeensk]] te foegjen, mar dat lit ik oan jo oer. Ha jo ek sa'n list om it Russysk nei it Frysk te translitearjen? Ik sil myn bêst dwaan en graach jo feedback as it net hielendal goed is.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 18 jul 2019, 13.01 (CEST)
 
== Syrillysk alfabet ==
 
Ik ha hjirûnder de transliteraasje fan it Russysk jûn. Jo moatte der net fanút gean dat oare Slavyske talen dy't it Syrillysk alfabet brûke krekt sa transliterearre wurde kinne. Net allinnich ferskilt de útspraak soms, mar ek wurde oare lettertekens tafoege, wylst guon letters út it Russysk yn oare Slavyske talen ûntbrekke. Ik ha om dat te yllustrearjen it Oekraynsk derby setten.
 
{| class=wikitable
|- style="vertical-align: bottom; background: #eee;"
! Letter
! Transliteraasje Russysk
! Transliteraasje Oekraynsk
|-
| А а
| a
| a
|-
| Б б
| b
| b
|-
| В в
| v
| v
|-
| Г г
| g
| h
|-
| Ґ ґ
| komt net foar
| g
|-
| Д д
| d
| d
|-
| Е е
| je / e, sjoch noat 1
| e
|-
| Є є
| komt net foar
| je
|-
| Ё ё
| jo
| komt net foar
|-
| Ж ж
| zj
| zj
|-
| З з
| z
| z
|-
| И и
| i
| y
|-
| І і
| komt net foar
| i
|-
| Ї ї
| komt net foar
| ji
|-
| Й й
| j
| j
|-
| К к
| k
| k
|-
| Л л
| l
| l
|-
| М м
| m
| m
|-
| Н н
| n
| n
|-
| О о
| o
| o
|-
| П п
| p
| p
|-
| Р р
| r
| r
|-
| С с
| s
| s
|-
| Т т
| t
| t
|-
| У у
| û
| û
|-
| Ф ф
| f
| f
|-
| Х х
| ch
| ch
|-
| Ц ц
| ts
| ts
|-
| Ч ч
| tsj
| tsj
|-
| Ш ш
| sj
| sj
|-
| Щ щ
| sjtsj
| sjtsj
|-
| Ъ ъ
| sjoch noat 2
| komt net foar
|-
| Ы ы
| y
| komt net foar
|-
| Ь ь
| sjoch noat 3
| sjoch noat 3
|-
| Э э
| e
| komt net foar
|-
| Ю ю
| jû
| jû
|-
| Я я
| ja
| ja
|}
noat 1: Е е: gauris transliterearre as 'e', mar faker eins de klank fan 'je' yn "jern" (dus bgl. we skriuwe "Aleksander", mar de útspraak is eins mear "Aljeksander")<br>
noat 2: Ъ ъ = it hurdteken, dat komt foar dat de foarôfgeande konsonant palatalisearre wurdt; kin beskôge wurde as in [[stomme letter]] (palatalisaasje is koartsein dat der in j-klank efteroan komt, dus l-lj, m-mj, s-sj, ensfh.)<br>
noat 3: Ь ь = it sêftteken, dat soarget foar palatalisaasje fan 'e foarôfgeande konsonant; meastal beskôge as in stomme letter, soms werjûn troch in 'j'
 
As jo noch oare Slavyske talen transliterearje wolle, wol ik dizze tabel noch wolris wat útwreidzje. Foarearst mar wer súkses. [[Meidogger:Ieneach fan &#39;e Esk|Ieneach fan &#39;e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan &#39;e Esk|oerlis]]) 19 jul 2019, 00.28 (CEST)