Reputaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
In '''reputaasje''' is it byld dat, of de breed dielde miening dy't by it bredere [[publyk]] bestiet fan in [[persoan]], in [[maatskippij|maatskiplike groep]], in [[organisaasje]] of sels fan in [[foarwerp]]. Soks is ornaris it gefolch fan in proses fan ûnbewuste sosjale beoardieling op basis fan in stikmannich [[noarmen en wearden|morele]] [[kritearium|kritearia]], liedend ta in beskate [[persepsje]] dy't dreech te feroarjen is as er ienris fêststeld is. As de [[eigenskip]]pen dy't oan sa'n entiteit tadichte wurde, oer it algemien posityf binne, is der sprake fan in goede reputaasje, mar as de eigenskippen oer it generaal nommen negatyf binne, bestiet der in minne reputaasje. Yn it [[Frysk]] seit men ek wol dat eat of immen "op in goede (of minne) namme leit". In minne reputaasje kin in soad skea tabringe oan bygelyks de kânsen fan in persoan op it mêd fan [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|sosjale ynteraksje]] mei oare persoanen, en oan 'e mooglikheden fan in bedriuw om [[klant]]en te winnen. Dêrom is it foarkommen fan '''reputaasjeskea''' (skea dy't men lijt troch it hawwen of krijenskansearjen fan injins minnegoede reputaasjenamme) foar bedriuwen almeast fan it heechste belang.
 
It ferskynsel reputaasje is in rûnombywêzich, [[spontaniteit|spontaan]] en tige effisjint meganisme foar [[sosjale kontrôle]] yn natuerlike [[maatskippij]]en. It is ûnderwerp fan [[stúdzje]] yn 'e [[maatskiplik]]e en [[technysk]]e [[wittenskip]]pen en ek op it mêd fan [[marketing]]. It hat ynfloed yn sawol omstannichheden fan [[konkurrinsje]], lykas [[frije merk]]en, as yn omstannichheden fan gearwurking, lykas binnen [[organisaasje]]s, [[bedriuw]]en en [[mienskip]]pen. Boppedat oefenet it ynfloed út op ferskynsels op in grut ferskaat oan skalen, fan it aldendeiske bestean fan in yndividu oant de ynternasjonale relaasjes tusken ferskillende [[lân|lannen]]. Reputaasje wurdt faak beskôge as in ûnderdiel fan it begryp [[identiteit]].