Merlyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
L red
Rigel 16:
| ûntstean = ±[[1136]]
}}
'''Merlyn''' is in [[leginde|legindarysk]] [[persoan]] dy't ferneamd waard as de [[tsjoender|hoftsjoender]] fan [[kening Arthur]] yn 'e [[arthurleginde]]n en de [[Welsk]]e [[poëzij]] út 'e [[Midsiuwen]]. Yn 'e foarm dêr't er yn bekend waard, ferskynde er foar it earst yn 'e ''[[Historia Regum Britanniæ]]'', in wurk dat omtrint [[1136]] skreaun waard troch [[Geoffrey fan Monmouth]]. Sa't er dêr yn foarsteld waard, wied er in amalgaam fan eardere [[histoarysk]]e en [[myte|mytyske]] figueren. Geoffrey kombinearre nammentlik besteande [[ferhalen]] oer [[Myrddin Wyllt]], in [[profeet]] en [[bard]] út [[Hen Ogledd]] dy't alhiel gjin bân mei kening Arthur hie, mei ferhalen oer de [[Brittanje (Romeinske provinsje)|Romeinsk-Brittannyske]] oarlochslieder [[Ambrosius Aurelianus]], dêr't Arthur wierskynlik op tebekgiet, om in [[personaazje]] te foarmjen dat er de namme Merlyn Ambrosius neamde ([[Welsk]]: ''Myrddin Emrys'').
 
De Merlyn fan Geoffrey waard daliks tige populêr, benammen yn Wales. Lettere [[skriuwerauteur]]s wreiden de beskriuwing fan him út om ta in folsleiner persoansbyld te kommen. Neffens syn [[tradysje|tradisjonele]] [[biografy]] soe Merlyn de [[soan]] fan in [[minsklik]]e [[frou]] en in [[demon|demoanyske]] [[ynkubus]] wêze. Hy ûntjout him ta in [[wiisheid|wize]], en brûkt [[manipulaasje]], [[politike]] [[yntriizje]]s en de [[magy]]ske krêften dy't er fan syn [[boppenatuerlik]]e [[heit]] urven hat om 'e [[berte]] fan Arthur te bewurkmasterjen. Yn 'e wurken fan lettere auteurs tsjinnet er Arthur as hoftsjoender en is er in soarte fan [[mentor]] foar de [[ridder]]s fan 'e [[Rûne Tafel]], oant er [[tsjoenderij|behekst]] en foar ivich [[finzen]]set (of yn guon ferzjes [[deafermoarde]]de) wurdt troch de [[Frouwe fan de Mar]]. Hy soe [[begroeven]] lizze yn it magyske wâld [[Brocéliande]].
 
==Namme==