Grins (stêd): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wwikix (oerlis | bydragen)
steit daobaoven al gesjreven in 't friesj
Rigel 223:
 
Yn de santjinde iuw keas de tsjerkerie fan de stêd de kant fan de [[kontraremonstranten]] en waard [[Franciscus Gomarus]] beneamd ta heechlearaar oan 'e hegeskoalle. Yn de njoggentjinde iuw wie de universiteit in broedplak foar in beweging dy't de oare kant út gong as de beweging fan de [[Grinzer Godgelearden]] mei mannen as [[Petrus Hofstede de Groot]] en [[Willem Muurling]]. De fûlste reaksje tsjin de Grinzer Godgelearden wie fan [[Hendrik de Cock]] dy't predikant yn [[Ulrum]] wie. Syn krityk wurke as in katalysator foar de ''[[Ofskieding fan 1834]]'', dêr't de [[Grifformearde Tsjerken yn Nederlân|Grifformearde Tsjerke]] út ûntstean koe. Healwei de tweintichste iuw wie der wer in ôfskieding doe't in keppel Grinzer grifformearden Klaas Schilder folge en har frijmakken fan de Grifformearde Tsjerke. Dêrút ûntstie de [[Grifformearde Tsjerken frijmakke]].
 
Halverwege de twintigste eeuw vindt er nog een afscheiding plaats als een aanzienlijke groep Groninger gereformeerden Klaas Schilder volgt in de vrijmaking.
 
Foar de Twadde Wrâldkriich hie de stêd in brûzjende Joadske mienskip dy’t benammen yn en om de Folkingestraat wenne. De synagoge waard nei de oarloch net mear ûnderholden en drige alhiel ûnder te gean. Nei de keap troch de gemeente waard it gebou restaurearre en wer as synagoge brûkt.