Wâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Bosk omneamd ta Wâld fan de trochferwizing: Liket my in bettere beneaming foar grutte boskgebieten
red hiele side + oanf
Rigel 1:
[[File:Brussels Zonienwoud.jpg|right|thumb|250px|It [[Zoniënwoud]] by [[Brussel]].]]
[[Ofbyld:Forest on San Juan Island.jpg|thumb|300px|right|<small>''nuddlebosk''</small>]]
In '''wâld''' is in grut gebiet wêrfan't de [[planten|begroeiïng]] benammen bestiet út [[beam]]men yn in dominante [[beammelaach]], mei leger by de grûn in [[ûndergroei]] besteande út [[strewelleguod]] (de [[strûkelaach]]) en [[krûd (plant)|krûden]] (de [[krûdelaach]]). Wâlden binne rike [[biotopen]], dêr't in grut ferskaat oan [[floara]] en [[fauna]] foarkomt. In lyts of relatyf lyts wâld wurdt ek wol in '''bosk''' neamd. Wat krekt as 'wâld' kwalifisearre wurdt, ferskilt, mei't der wrâldwiid hûnderten ûnderskate definysjes foar dit begryp yn gebrûk binne, op basis fan beamtichtens, beamhichte, lângebrûk, [[wet]]like bepalings en [[ekology]]ske funksjes. Yn [[Nederlân]] wurdt in bosk neffens de [[Boskwet]] offisjeel omskreaun as in gebiet fan 10&nbsp;[[are]] dat út beplanting mei beammen bestiet. Rekkene neffens de faak brûkte definysje fan 'e [[Fiedsel- en Lânbou-organisaasje]] (FAO) fan 'e [[Feriene Naasjes]] oerdieken wâlden yn [[2006]] sa'n 40&nbsp;miljoen&nbsp;[[km²]] fan it lân[[oerflak]] fan 'e [[Ierde (planeet)|Ierde]]. Dêrmei is wâld it oerhearkjende [[ekosysteem]] op drûch lân. It komt yn alle dielen fan 'e wrâld foar, útsein op 'e [[poalgebiet|poalen]]. It nimt 75% fan 'e [[bruto primêre produksje]] fan 'e [[biosfear]] fan 'e Ierde foar syn rekken en omfiemet 80% fan 'e totale [[biomassa]] fan 'e Ierde.
In '''wâld''' of '''bosk''' is in gebiet dêr't [[beam]]men en [[strûk]]en oerhearskje, bygelyks [[reinwâld]]en, [[leafbosk]]en en [[nuddelbosk]]en. Wâlden hawwe faak in ferskaat oan [[libben]].
 
==Soarten wâlden==
Hoewol't troch doarps- en stedsútwreiding, oanlis fan wegen en [[stoarm]]en (13 novimber [[1972]] wie der yn Fryslân in skea fan 50.000 m³ boskhout) en 13 april [[1973]] grutte dielen fan bosken en beamgroepen ferlern gien binne, is de oerflakte bosk yn Fryslân net feroare. Oan de iene kant troch beskerming fia oankeapen troch natoerbeskermingsorganisaasjes en de steat, oan de oare kant troch de lânynrjochting by [[ruilferkaveling]]s, is it totale beslach bosk op peil bleaun.
Der besteane in stikmannich dúdlik faninoar ferskillende soarten wâlden. Yn it foarste plak hat dat te krijen mei de lokaasje op 'e Ierde dêr't se groeie. Sa komt [[tropysk wâld]] foar yn 'e [[tropen]], om 'e [[evener]] hinne. Oan wjerskanten dêrfan befynt him in brede bân fan [[tuskenbeiden wâld]] yn 'e [[tuskenbeiden sône]]s, dêr't dan wer in bân fan [[taiga]] (ek bekend as [[boreaal wâld]]) oan grinzget dy't sels ôffrede wurdt troch de [[poalgebiet]]en. Op gruttere hichten, yn [[berchtme]]n, dêr't de [[temperatuer]] en oare [[klimaat|klimatologyske]] omstannichheden oerienkomme mei de tastân op hegere (en legere) [[breedtegraad|breedtegraden]], groeie wâlden dy't oerienkomme mei de wâlden fan dyselde breedtegraden. In twadde wichtich ferskil tusken soarten wâlden hat te krijen mei de hoemannichte [[delslach (waar)|delslach]] dy't der falt; wâld yn tige wiete gebieten wurde [[reinwâld]] neamt, dat wer ûnder te ferdielen is yn [[tropysk reinwâld]] en [[tuskenbeiden reinwâld]]. In trêde ferskil wurdt feroarsake troch it soarte beammen dêr't it wâld út bestiet; sa ûnderskiedt men [[leafwâld]] (mei [[leafbeam]]men), [[nullewâld]] (mei [[nullebeam]]men) en [[mingd wâld]] (mei beide).
 
==Wikselwurking tusken minsken en wâld==
Boskrike gemeentes yn Fryslân binne: [[Gaasterlân-Sleat]], [[Eaststellingwerf]], [[Skylge]], [[Flylân]] en [[Opsterlân]].
De [[minsklik]]e [[maatskippij]] en wâlden hawwe inoar yn it [[ferline]] op sawol positive as negative manearen beynfloede, en dat is tsjintwurdich noch altyd sa. Wâlden soargje foar in oantreklik [[ekosysteem]] foar minsken, dat in geunstige ynfloed op harren [[sûnens]] hawwe kin. Ek tsjinje se as [[toerist]]yske attraksjes, dêr't omlizzende [[mienskip]]pen [[ekonomy]]sk baat by hawwe kinne. Oare minsklike aktiviteiten, lykas [[houtkap]] om oan [[timmerhout]] te kommen, of it platbrânen fan (dielen fan) wâlden om oan [[lânbou]]grûn te kommen, hawwe in negative ynfloed op it wâld en op 'e lange termyn ek op 'e minske. De regulearre [[eksploitaasje]] fan in wâld foar houtkap hjit [[boskbou]]. [[Yllegale houtkap]] heart dêr net by. In wâld dat noch nea kappe is, wurdt in [[oerwâld]] neamd; wâld dat nei de kap wer op 'e nij oanplante of út himsels wer op 'e nij oangroeid is, wurdt [[sekundêr wâld]] neamd. In wâld dat foar boskbou brûkt wurdt troch it hieltyd te kapjen en wer oan te plantsjen, hjit in [[produksjebosk]].
Wylst it karakter fan de noardlike Fryske Wâlden foar in grut part bepaald wurdt troch de oanwêzigens fan beamgroepen (beamwâlen), ûntbrekke dêr de bosken.
 
<gallery mode=packed heights=150px style="text-align:left">
File:Swiss National Park 131.JPG|[[nullewâld]] yn [[Switserlân]]
File:Biogradska suma.jpg|[[leafwâld]] yn [[Montenegro]]
File:Spiny_Forest_Ifaty_Madagascar.jpg|drûch wâld op [[Madagaskar]]
File:Hellyer Gorge, Tasmania.jpg|[[tuskenbeiden reinwâld]] op [[Tasmaanje]]
File:BorneoRainforest DSC 9267.JPG|[[tropysk reinwâld]] op [[Borneo]]
File:Winter forest.jpg|[[blêd (plant)|blêdleas]] [[leafwâld]] by 't [[winter]]
</gallery>
 
==Wâld yn Fryslân==
Yn [[Fryslân]] is alle [[oerwâld]] al lang lyn kappe. Wat der no noch oan wâld yn 'e provinsje is, bestiet folslein út (oanplante) [[sekundêr wâld]]. Yn 'e [[tweintichste iuw]] binne noch wer grutte dielen fan 'e Fryske bosken ferlern gien troch [[doarp]]s- en [[stêd|stedsútwreiding]], troch de oanlis fan [[wegen]] en troch [[stoarm]]skea. (Sa wie der nei de [[stoarm]] fan [[13&nbsp;novimber]] [[1972]] yn Fryslân in skea fan 50.000&nbsp;[[m³]] boskhout, en ek by de stoarm fan [[13&nbsp;april]] [[1973]] waaiden in protte beammen om.) Lykwols is it [[oerflak]] wâld yn Fryslân yn ferhâlding ta it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] net feroare. Dat komt oan 'e iene kant troch beskerming fan boskgebieten fia oankeap troch [[natoerbeskerming]]sorganisaasjes en troch de [[oerheid]] ([[Steatsboskbehear]]), en oan 'e oare kant troch de nije lânynrjochting by [[ruilferkaveling]]s.<ref>{{EvhhF|Bos}}</ref>
 
Boskrike [[gemeente (bestjoer)|gemeenten]] yn Fryslân binne:
*[[De Fryske Marren]]: benammen [[Gaasterlân]] en de omkriten fan [[Sint-Nyk]];
*[[Eaststellingwerf]]: benammen by [[Appelskea]] en [[Ravenswâld]] en yn mindere mjitte by [[Aldeberkeap]], op 'e [[Dellebuorsterheide]] en de [[Blauwe Bosk]] by [[Haulerwyk]];
*[[Skylge]]: op trije plakken, benoarden de doarpen [[West-Skylge|West]], [[Formearum]] en [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]];
*[[Flylân]]: benammen yn 'e direkte omkriten fan [[East-Flylân]];
*en [[Opsterlân]]: benammen yn 'e omkriten fan [[Beetstersweach]], [[Bakkefean]], [[Duerswâld]] en [[De Himrik]].
Lytsere bosken komme ek op oare plakken yn Fryslân foar, lykas oan 'e eastkant fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] by [[Oranjewâld]], yn 'e [[Alde Feanen]], oan 'e súdkant fan 'e [[Lauwersmar]], yn 'e [[Nes (It Amelân)|Nessemer Dunen]] op [[it Amelân]] en de [[Ljouwerter Bosk]] oan 'e noardkant fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Hoewol't de [[namme]] fan [[De Wâlden]] op in soad bosk liket te tsjutten, ferwiist dat eins nei de [[beamwâl]]en dy't yn dat diel fan Fryslân as skieding tusken [[greide]]n brûkt wurde (sa't op 'e [[Klaaistreek|Klaai]] en yn 'e [[Súdwesthoeke]] [[sleat (wetter)|sleatten]] brûkt wurde). Yn 'e súdlike Wâlden, dêr't û.m. [[Opsterlân]] ta heart, komme yndie wol wat wâlden foar, mar yn 'e noardlike Wâlden ûntbrekke se hast hielendal, útsein inkele lytse hoekjes oan 'e noardlike útein fan 'e [[Trynwâlden]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
* {{EvhhF|Bos}}
----
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Forest ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Forest}}
}}
 
{{DEFAULTSORT:Wald}}
[[Kategory:Wâld| ]]
[[Kategory:Plant]]
[[Kategory:Lânskipstype]]
[[Kategory:Biotoop]]