Blauwe Wimpel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
plaatsje fan de:
Rigel 6:
==United States==
Mei de opkomst fan de loftferbinings is de lineskipfeart yn de twadde helte fan de 20e ieu weromrûn. De United States waard noch boud mei it doel it fluchste skip ea te bouwen, mar foar lettere skippen gou dat net mear. De ''United States'' waard hâlder fan de Blauwe Wimpel, en sil dat ek noch wol in skoftke bliuwe. De [[Cunard Line]] hat by de bou fan de ''Queen Mary 2'' bygelyks ynset op lukse, en op de faazje fan de ''Queen Mary'', net op dy fan de United States. De United States is al hast in heale ieu hâlder fan de Blauwe Wimpel, en it liket dat dat net gau mear feroarje sil.
[[Ofbyld:KronprinzWilhelmPostcard.jpg|thumb|right|250px|''Kroanprins Willem'', 1901 (oansichtkaart)]]
 
== Hales Trofee ==
Yn [[1934]] waard troch de Ingelsman Sir [[Harold Hales]] in gouden trofee ynsteld foar de fluchste oerstek troch in motorisearre skip. Utsein wat lytse reglemintêre ferskillen wienen de hâlders fan Blauwe Wimpel dêrmei ek hâlders fan Hales Trofee. Hales woe lykwols befoardering fan de meganisaasje, en hie gjin boadskip oan passazjiers. Troch dit ferskil is de United States net langer hâlder fan de trofee: op de ein fan de 20e ieu hawwe in pear [[Katamaran]]s sûnder passazjierakkomodaasje noch fluggere oerstekken makke. De lêste en fluchste dêrfan wie op [[20 july]] [[1998]] de ''Cat-Link V''.