Content deleted Content added
Ferwiist troch nei Lânbou
 
Trochferwizing nei Lânbou wiske
Lebel: Trochferwizing wiske
Rigel 1:
[[Ofbyld:Farmer plowing.jpg|thumb|In ploegjende boer]]
#REDIRECT [[Lânbou]]
[[Ofbyld:Ueberladewagen (jha).jpg|thumb|Nijmoadrige weetrispinge]]
[[Ofbyld:Rice Cultivation Vietnam.1024x768.jpg|thumb|Lânbou yn Fjetnam: ploegje mei in wetterbuffel]]
[[Ofbyld:Rice Field.jpg|thumb|Wurker yn in rystfjild yn Bangladesj]]
In '''boer''' is immen dy't dierlike of plataardige produkten produsearret. Der wurdt ornaris ûnderskied makke tusken [[lânbou]] en [[feehâlderij]]. In boer mei in bytsje lân of in bytsje bisten wurdt in [[gernier]] neamd. In [[grutboer]] is dêrfoaroer in boer mei soad lân of in soad bisten en hawwe [[boere-arbeider]]s yn tsjinst.
 
== Fryslân ==
=== Sifers ===
It tal boereberdiuwen is yn de lêse fjirtich jier ôfnaam en bliuwt foarearst ôfnimmen mei de skaalfergrutting en strangere regels dat it miljeu oanbelanget.
 
Yn [[2019]] wiene der yn de provinsje [[Fryslân]] 4252 boerebedriuwen, wylst der yn [[2000]] noch 7109 wiene<ref>[https://opendata.cbs.nl/statline/#/CBS/nl/dataset/80780ned/table?fromstatweb Boarne: CBS]</ref>. It totale oerflak lânbougrûn yn de provinsje wie yn 2019 224.780 bunder, wêrfan't der 21.534 bunder ikkerbou, 1625 bunder túnkerij en 201.622 bunder greidelân en foer grienfoergewaaksen wie<ref>[https://opendata.cbs.nl/statline/#/CBS/nl/dataset/80780ned/table?fromstatweb Boarne:CBS]</ref>.
 
Yn [[2018]] wiene der yn totaal 14.264 banen yn de lânbou, dat 4,8% fan de totale wurkgelegnheid is<ref>[https://friesland.databank.nl/Jive/Report?id=4 Boarne: www.fryslan.frl]</ref>.
 
=== Oplieding ===
Foar [[agrarysk ûnderwiis]] binne der yn Fryslân ferskate mooglikheden. It [[Nordwin Kolleezje]] hat opliedings foar tariedend middelber beropsûnderwiis (Nederlânsk: ''VMBO''), en foar middelber beropsûnderwiis (Nederlânsk: ''MBO'') mei lokaasjes yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Snits]], [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] en [[Bûtenpost]]<ref>[https://www.nordwincollege.nl/over-nordwin/contact Nordwin Kolleezje]</ref>.
 
Foar heger beropsûnderwiis (Nederlânsk: ''HBO'') is de [[Hegeskoalle Van Hall Larenstein]] yn Ljouwert en [[Wageningen University & Research]] yn Wageningen. De lêste fersoarget ek wittenskiplike opliedings en liedt net streekrjocht ta it berop fab boer, wylst guon dy't der ôfstudearre hawwe, al in boerebedriuw hawwe.
 
== Skiednis ==
De boer ûntstie yn de [[neolityske revolúsje]] doe't de minske oergie fan in maatskippij fan nomadyske [[jager-samler]]s ta in agraryske mei in fêste plak. In stik bosk waard platbaarnd en waard in skoft beplante of beweide. Sadree de grûn tenein wie, ferfear men nei in oar stik. Troch it útfinen fan be[[dong]]jen waard it mooglik en festigje jin op in fêst plak. Sa ûntstiene boeredoarpen dêr't lânbou en feehâlderij holden waard.
 
Yn'e Midsiuwen ferlearen in soad boeren yn [[Jeropa]] harren frijheid troch it [[feodale stelsel]]. Yn Fryslân wie der lykwols gjin sprake fan in feodaal systeem ([[Fryske Frijheid]]), want der wie in [[jild]]ekonomy en koe der mei jild betelle wurde yn plak fan in part fan de rispinge sa as by it feodale systeem. Sa koene de frije boeren lân hiere fan eallju of fan grutgrûnbesitters. Guon mei it measte lân yn besit, hiene ek de measte stimmen om in [[grytman]] te kiezen. Yn [[Dútslân]] wiene der ek wol boeren dy't harren frijheid en hiem hâlde koene, en waarden [[warboer]]en (''Wehrbauer'') neamd. De lytse boeren folgen letter ek en ûntstie yn benammen [[Grinslân]] en [[East-Fryslân]] en minder yn [[Westerlauwersk Fryslân]] in grut ferkil tusken [[grutboer]]en, [[gernier]]en en [[boere-arbeider]]s. Yn de [[njoggentjinde iuw]] late dat ta sosjale spannings.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
----------
{{Commonscat|Farmer|Boer/Lânbouwer}}
}}
 
 
 
 
 
[[Kategory:Boer| ]]