Blood Bound: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L koyote ->> coyote
kt
Rigel 21:
}}
'''''Blood Bound''''' (letterlik: "Bûn troch Bloed") is it twadde diel fan 'e ''[[Mercy Thompson]]''-rige fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwster]] [[Patricia Briggs]]. It is in [[fantasy (sjenre)|fantasy]][[roman]] fan it subsjenre fan 'e [[urban fantasy]], dy't [[fertelperspektyf|skreaun is]] yn it [[ik-perspektyf]], en ferhellet oer de Amerikaanske [[monteur]] Mercedes "Mercy" Thompson, in jonge [[frou]] fan heal-[[Yndianen|Yndiaansk]] komôf dy't [[stalferwikseling|harsels feroarje kin]] yn in [[prêrjewolf]]. ''Blood Bound'' waard foar it earst publisearre yn [[2007]], troch de [[New York (stêd)|New Yorkske]] [[útjouwerij]] [[Ace Books]], as [[hardcover]]edysje. Letter ferskynden der ek werprintingen yn [[paperback]]foarm by de [[Grut-Brittanje|Britske]] útjouwerij [[Orbit Books]]. ''Blood Bound'' wie in grut súkses en helle de [[bestseller]]list fan 'e [[krante]] de ''[[New York Times]]'', in wis teken dat men it yn [[Feriene Steaten|Amearika]] as [[auteur]] makke hat. Yn [[2015]] ferskynde fan dit boek ûnder de titel ''In het Bloed'' in [[Nederlânsk]]e [[oersetting]] fan 'e hân fan Willeke Lempens by [[Uitgeverij De Fontein]] te [[Utert (stêd)|Utert]].
__TOC__
 
==Ynhâld==
Mercedes "Mercy" Thompson is in jonge [[frou]] dy't fan in [[Yndianen|Yndiaanske]] [[heit]] dy't se nea kennen hat, it fermogen urven hat om har yn in [[prêrjewolf]] (coyote) [[stalferwikseling|te feroarjen]]. Nettsjinsteande dat hie se foar harsels in relatyf normaal bestean opboud yn 'e [[Tri-Cities (Washington)|Tri-Cities]] ([[Richland (Washington)|Richland]]-[[Kennewick (Washington)|Kennewick]]-[[Pasco (Washington)|Pasco]]), yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Washington (steat)|Washington]], as [[monteur]] en eigneresse fan in [[garaazje (bedriuw)|garaazje]], oant se yn it foargeande diel fan 'e searje, ''[[Moon Called]]'', djip behelle rekke yn 'e oangelegenheiden fan 'e pleatslike [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]]-troep fan [[wearwolf|wearwolven]], wêrfan't har buorman Adam Hauptman, in [[skieding (houlik)|skieden]] heit mei in [[dochter|tinerdochter]], de alfa (lieder) is.
Rigel 54:
[[Kategory:Literatuer oer fampieren]]
[[Kategory:Literatuer oer wearwolven]]
[[Kategory:Literatuer oer stalferwikseling]]
 
[[en:Mercy Thompson#Appearances]]