At the Watergate: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje oanf, refs oars
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 30:
| webside = [https://www.friesland.nl/fy/kulturele-haadsted/programma/at-the-watergate www.friesland.nl/.../at-the-watergate]
}}
'''At the Watergate''' wie in [[muzykfestival]] foar [[jongerein|jonge]] [[muzikant]]en dat eins de trettjinde [[edysje]] wie fan it [[European Youth Music Festival]] (EYMF).<ref name="vogelzang">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Aut|Vogelzang, Elizabeth}}, ''At the Watergate financiële strop voor Cultuur Kwartier Sneek'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 22 augustus 2019, s. 23}}</ref> It waard fan [[8 maaie|8]] oant en mei [[11&nbsp;maaie]] [[2018]] yn [[Snits]] en omkriten holden yn it ramt fan it projekt [[Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa]].<ref name="vogelzang"/> De [[namme]] ferwiisde nei de [[Wetterpoarte (Snits)|Snitser Wetterpoarte]].<ref name="vogelzang"/> At the Watergate bestie út 6.000 jonge [[musikus|musisy]] út 20 [[Jeropa|Jeropeeske]] [[lân|lannen]], dy't krapoan 1.000 [[konsert]]en joegen op 30 ferskillende [[poadium|poadia]] yn [[Snits]] sels en op satellytpoadia yn omlizzende [[doarp]]en en [[stêd]]en.<ref name="vogelzang"/> It [[evenemint]] loek nei skatting 55.000 besikers en wie dêrmei in grut súkses.<ref name="vogelzang"/>
 
At the Watergate hie in [[budget]] fan yn totaal [[€]]1,5 miljoen. Dat bedrach waard foar in diel ynbrocht troch de organisaasje fan [[LF2018]], de [[Provinsje Fryslân]], de [[Rabobank]] en lange rige oare [[sponsor]]s út it [[bedriuwslibben]]. De [[Gemeente Súdwest-Fryslân]] joech €175.000 [[subsydzje]] oan it evenemint en stelde fierders fergees [[kantoar]]romte beskikber foar [[Kultuer Kertier Snits]] (CKS), de organisaasje efter it evenemint. Bydragen fan 'e dielnimmers oan en besikers fan At the Watergate dieken de helte fan 'e finansiering.<ref name="vogelzang"/>