Represailles by Hjerbeam en Menaam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Holder (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Verzetsmonument, Rijksweg, Herbaijum.jpg|right|thumb|200px|It [[monumint]] foar de [[slachtoffer]]s fan 'e [[represaille]] by [[Hjerbeam]].]]
De '''represailles by Hjerbeam en Menaam''' wiene twa [[represaille]]maatregels fan 'e [[nazy-Dútslân|nazys]] ûnder de [[besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich|besetting]] fan [[Nederlân]] troch [[Dútslân]] yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]].<ref name="lcgrosso">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Aut|Grosso, Maria del}}, ''Twee gruwelijke fusillades in 24 uur'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 19 novimber 2019, s. 28-29}}</ref> Dêrby waarden yn [[1944]] yn [[noardwest]]lik [[Fryslân]] op [[18&nbsp;novimber]] by [[Hjerbeam]] en op [[19&nbsp;novimber]] by [[Menaam]] yn totaal seis [[finzene]]n [[stânrjochtlike eksekúsje|stânrjochtlik eksekutearre]] nei in aksje fan it [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|Fryske ferset]].<ref name="lcgrosso"/>
 
==Sabotaazje==
Yn [[novimber]] [[1944]] krige distrikt VIII fan it gewest [[Fryslân]] fan 'e [[Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften]] (NBS), dêr't de [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] [[Menameradiel]] ûnder foel, fan 'e gewestlike lieding de troch in [[koerierster]] oerbrochte opdracht om [[kopspiker]]s op 'e Ryksstrjitwei tusken [[Harns (stêd)|Harns]] en [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] te struien.<ref name="netferjitte">{{Berjocht:Fuotnoat|{{Aut|Bosma, Andries}} en {{Aut|Dijkstra, Harrie}}, ''Net Ferjitte... Niet Fergete: Menaldumadeel en Het Bildt in de Jaren 1940-1945'', Frjentsjer, 1995 (Ujouwerij Van Wijnen), {{ISBN|9051941307}}, s. 128-129}}</ref> Kleardernôch wie it de bedoeling om 'e [[nazy-Dútslân|Dútske]] [[fyts]]patrûljes, dy't jacht makken op [[ûnderdûker]]s, te behinderjen yn harren wurk troch har de [[luchtbân|bannen]] lek ride te litten.<ref name="netferjitte"/>
 
[[Broer Dijkstra]] fan [[Hatsum]], de lieder fan it [[Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich|ferset]] yn Distrikt&nbsp;VIII, twifele oan it nut fan sa'n aksje.<ref name="netferjitte"/> Hy sette nei it [[fabryk]] fan Kuiken ta, yn [[Dronryp]], dêr't er mei Kuiken, in oar lid fan 'e groep, oerlei. Dyselde fûn it ek in healwiis idee. Nei oerlis kamen se ta de konklúzje dat de gewestlike lieding harren aksjeberettens teste woe.<ref name="netferjitte"/> Se besleaten om it plan tsjin better witten yn út te fieren. Kuiken gie nei Ljouwert ta, dêr't er yn in [[izerhannel]] in [[pûn]] kopspikers kocht.<ref name="netferjitte"/>