Neakenens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 167:
Under de [[Irakoarloch]] kaam yn [[2003]] de [[Sintrale Finzenis fan Bagdad|Abû Graib Finzenis]] yn [[Bagdad]] bekend te stean om 'e [[marteling en mishanneling fan finzenen yn de Abû Graib Finzenis|martelings en mishannelings]] dêr't leden fan it [[Amerikaanske Leger]] de dêr fêstholden finzenen oan ûnderwurpen. Dêrby spile it ôfnimmen fan klean in grutte rol. Finzenen waarden neaken [[bespotting|bespot]], neaken op [[fotografy|'e foto set]], neaken fêstbûn en yn kompromittearjende lichemshâldings twongen en op oare wizen [[fernedering|fernedere]]. Doe't it fotografysk bewiismateriaal útlekte, late dat ta ynternasjonale feroardieling, en ta berjochting fan 'e dieders.
 
===Strip searchStripsearch===
By in [[stripsearch]] ("útklaai-ûndersyk") moat immen alle klean útdwaan sadat de autoriteiten kontrolearje kinne oft hy of sy ek wat yn of ûnder de klean ferberget. Soks wurdt wol dien troch de [[plysje]] op in [[plysjeburo]], troch [[sipier]]s yn in [[finzenis]] of troch de [[dûane]] op in [[lofthaven]]. It giet faak mank mei in [[lichemsfisitaasje]], wêrby't ek alle [[lichemsholte]]n ([[mûle]], [[fagina]] en [[anus]]) fan 'e persoan yn kwestje kontrolearre wurde op [[smokkeljen|smokkelwaar]] of oar guod. In stripsearch is net bedoeld as bestraffing, mar wurdt needsaaklik achte om 'e oarder te hanthavenjen yn in fasiliteit dêr't lju fêstholden wurde (plysjeburo, finzenis) of om te bewissigjen dat der gjin yllegale en ûnwinske smokkelwaar (lykas [[drugs]]) it lân binnen slûke wurde.