Ychten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 14:
 
== Skiednis ==
Yn 1511 wurdt Ychten skreaun as Echtna, lizzende yn de [[gritenij]] fan [[Lemster Fiifgea]]. Dat it doarp âld is, docht wol bliken út âlde stikken fan it jier [[1200]] doe't der 23 húshâldings wennen. De tsjerke hat ek in rike histoarje en is neamd nei de hillige [[LourentsiusLaurentsius]] anno [[1597]]. Begjin [[1825]] hat de tsjerke in skûlplak en rêding west foar in soad minsken, want yn dat jier hat der in grutte oerstreaming west mei as gefolch dyktrochbraken. It wetter stie doe op in soad plakken 1.50 meter boppe it [[meanfjild]]. Fan de 182 wenten dy't doedestiids yn Ychten stienen, binne mear as 150 foar in part slim skansearre en ferdwûn. Krekt yn dy tiid wie de feanterij al drok oan 'e gong. De op it fjild steande foarrieden [[turf (brânstof)|turf]] spielden fuort, fee ferdronk en dêrtroch wie de earmoedei ek tige grut.
 
== Geografy ==
Rigel 24:
== It besjen wurdich ==
[[Ofbyld:Gemaal Echten 10.JPG|thumb|[[Gemaal Ychten]]]]
Oan de Tsjûkemar stiet it restaurearre [[gemaal Ychten|gemaal fan Ychten]] dat it wetter lost op de [[Fryske boezem]]. Yn 2001 is it oanwiisd as Ryksmonunint. It hat ek funksje as eksposysjerûmte mei plak foar permaninte en tydlike histoaryske útstallings, mei it gemaal en de feanpolders as tema. It gemaal hat oant 1996 de hiele feanpolder fan Ychten bemealle. Foar de wettersporter binne in pear eilantjeseilantsjes opspuite yn de mar mei de tapaslike nammen fan [[Tsjûkepôle]] en [[Marchjepôle]]. De nammen binne ûntliend oan de leginde fan de [[Tsjûkemar]]. Yn Ychten stiet ek it stânbyld fan Tsjûke en MarchMarchje. By dat stânbyld stiet in tekst dy't it ûntstean fan de Tsjûkemar ferklearret. DizzeDy lytse leginde hjit [[De held en de draek]].
[[Ofbyld:140501 Laurenskerk Echten Fr NL (1).jpg|left|thumb|500px|''De [[Laurenstsjerke (Ychten)|tsjerke]] en it hôf fan Ychten yn 2014'']]
<br clear="left"/>