Ferskil tusken ferzjes fan "Fean"

1 byte grutter ,  7 moannen lyn
L
Linkfix
L (Linkfix)
It heechfean kaam benammen op de Nederlânske sângrûnen op grutte skaal foar. It is lykwols foar in grut part ôfgroeven yn it ramt fan it winnen fan turf foar de brânstof.
Oerbleaune heechfeangebieten binne bygelyks it [[Fochtelerfean]] by [[Fochtel]] en bûten Fryslân it [[Bargerfean]] by [[Schoonebeek]] yn [[Drinte]] en de [[Grote Peel]] yn [[Noard-Brabân]].
De boppeste laach (40-50 sm) wurdt ''[[bonkierde]]'' neamd en is net gaadlik en meitsje dêr turf fan. De bonkierde waard yn Fryske, Grinslânske en Drintske feanterijen mingd mei sângrûn, dy't nei it ôfgraven fan it fean te sjen wie, en foarme de saneamde [[dellinggrûn]], dy't mei goed bedongjen en ûntwetterjen in reedlike lânbougrûn makket.<br/>
De ûnderste laach (30-40 sm) wurdt ''darchfean'' neamd en befettet in soad [[feanhout]]. Dat binne woartels en dielen fan stammen fan beammen dy't yn it fean as resten noch oanwêzich binne.
 
2.072

bewurkings