Akwadukt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 4:
 
== Tapassingen ==
Rom foar it begjin fan de jiertelling waarden akwadukten al brûkt as wichtich ûnderdiel fan [[irrigaasjeyrrigaasje]]systemen. Bekend binne ek de grutte Romeinske akwadukten (''aqua''=water, ''ducere''=liede), dy 't grutte stêden fan [[drinkwetter]] foarseagen. Guon dêrfan koenen sa'n 190.000 m<sup>3</sup> de dei oerbringe (Chanson, 2000). Yn [[Rome (stêd)|Rome]] wurde inkele akwadukten ek hjoeddedei noch foar dat doel brûkt.
 
Pas letter waarden ek akwadukten boud foar it [[skipfeart]]ferkear. Yn Fryslân giet it hieltiten om in wei dy't in wetterwei ûnderlân krúst, mar yn oare lannen binne ek befarbere akwadukten boud op it plak wêr't twa wetterwegen mei ferskillende wetterhichtes inoar kruse. Minstens ien fan beide krusende wetterwegen is yn dat gefal dus keunstmjittich. In akwadukt yn in auto(snel)wei hat in soad wei fan in [[tunnel]]. It grutte ferskil is dat by in akwadukt de wetterwei troch in betonnen bak streamt, wylst by in tunnel allinnich mar sprake is fan in [[konstruksje]] ûnder de oarspronklike bêding troch.