Fox Broadcasting Company: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: + plaatsje
Rigel 23:
 
Fox ûntjoech him foar it earst ta in echte konkurrint fan 'e trije âldere netwurken, doe't it yn [[desimber]] [[1993]] in [[kontrakt]] tekene mei de [[National Football League]] (NFL). Dêrtroch krige Fox it rjocht om tenei de [[Amerikaansk fuotbal]]wedstriden fan dy [[kompetysje|sportkompetysje]] út te stjoeren, eat dat CBS foartiid sûnt [[1956]] dien hie. Yn 'e [[1990-er jierren]] rjochte Fox fierders in hiel espel [[tillefyzjekanalen]] op njonken de haadstjoerder. Dêrûnder wiene yn [[1994]] de [[entertainment]]stjoerder [[FX (tillefyzjestjoerder)|FX]] en it [[film]]kanaal FXM (no [[FX Movie Channel]]). Yn [[1996]] folge it [[Fox News|Fox News Channel]], in [[nijs]]stjoerder fan [[rjochts (polityk)|rjochtse]] [[politike]] sinjatuer, dy't neitiid by in oare poat fan 'e [[Fox Corporation]] yndield is, en no neat mear mei de Fox Broadcasting Company te krijen hat. Tusken [[1996]] en [[2000]] waarden fierders de belangen fan Fox yn ferskate regionale [[sport]]stjoerders konsolidearre yn it yn [[1996]] oprjochte [[Fox Sports Networks|Fox Sports]]. Dêrút kaam it op 'e ynternasjonale merk rjochte Fox Sports World fuort, dat yn [[2013]] omfoarme waard ta [[FXX]].
[[File:1211 Avenue of the Americas.jpg|180px|right|thumb|It [[haadkertier]] fan 'e [[Fox Corporation]] en de Fox Broadcasting Company oan 1211 Avenue of the Americas yn [[New York (stêd)|New York]].]]
 
Yn 'e earste helte fan 'e [[2000-er jierren]] begûn Fox foar it earst ABC en NBC op it mêd fan [[sjochsifer]]s te ferslaan, earst oangeande beskate [[leeftyd]]sgroepen, mar letter ek oangeande it totale sjoggerspublyk. Dêrmei besette it netwurk fan [[2002]] ôf it twadde plak efter CBS. Yn [[2005]] wie Fox sels it bêst besjoene Amerikaanske tillefyzjenetwurk foar de leeftydskategory 18 oant 49 jier, wat benammen te tankjen wie oan 'e ûnbidige populariteit fan 'e [[talintejacht]] ''American Idol''. En yn [[maaie]] [[2008]] stribbe Fox CBS foarby as it bêst besjoene Amerikaanske tillefyzjenetwurk foar alle leeftydsgroepen, in prestaasje dy't taskreaun waard oan 'e tillefyzjeregistraasje fan 'e [[Super Bowl]] yn kombinaasje mei it súkses yn it foargeande [[seizoen (omrop)|seizoen]] fan ''American Idol'' en de [[sikehûssearje]] ''House''. Yn it seizoen [[2012]]-[[2013]] sakke Fox lykwols werom, en dy tebekgong sette troch yn it seizoen [[2013]]-[[2014]], doe't alle trije grutte tillefyzjenetwurken Fox foar it earst sûnt [[2001]] foarbygiene op it mêd fan sjochsifers. Yn it seizoen [[2015]]-[[2016]] bettere de sitewaasje foar Fox lykwols op, doe't it netwurk ABC ynhelle en it trêde plak besette.