Ferskil tusken ferzjes fan "John Dykstra"

122 bytes lytser ,  4 moannen lyn
"Battlestar_Galactica_(8229093075).jpg" is op Commons fuorthelle 1989 om't: per c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Battlestar Galactica (ship).
("Battlestar_Galactica_(8229093075).jpg" is op Commons fuorthelle 1989 om't: per c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Battlestar Galactica (ship).)
 
Foar it meitsjen fan ''[[Star Wars Episode IV: A New Hope]]'' (it earste diel fan 'e earste trilogy) ûntwikkele Dykstra de saneamde [[Dykstraflex]]-bewegingsbehearskbere kamera, wêrmei't in grut tal baanbrekkende effekten berikt wurde koene. Uteinlik krigen Dykstra en Lucas lykwols spul oer de hichte fan it bedrach dat bestege waard oan nije kameratechniken, dat Lucas oer de meuch gie. De rûzje rûn sa heech op dat it úteinlik ta it ûntslach fan Dykstra late. Nettsjinsteande dat wûnen Dykstra en syn tiim neitiid yn [[1978]] twa ''[[Oscar]]s'', yn 'e kategoryen bêste ''special effects'' en bêste spesjale technyske prestaasje.
 
[[File:Battlestar Galactica (8229093075).jpg|left|thumb|200px|Dykstra syn minatuer fan 'e it romteskip de ''Galactica''.]]
 
Nei't er by ILM weirekke wie, begûn Dykstra by [[Universal Studios]] te wurkjen oan 'e (oarspronklike) [[tillefyzje]]searje ''Battlestar Galactica''. Wylst er it tafersjoch hie oer de ''special effects'' fan 'e trije oeren duorjende [[pilotôflevering]] fan dy rige, rjochte Dykstra syn eigen ''special effects''-bedriuw op, mei as namme [[Apogee, Inc.]] Dêrfoar naam er ferskate eardere meiwurkers fan ILM oan. Under de rest fan 'e searje waard net mear in protte op it mêd fan ''special effects'' tafoege, mar waarden Dykstra syn opnames út 'e pilotôflevering recycle. Yn [[1979]] waard Dykstra foar syn wurk oan ''Battlestar Galactica'' in ''[[Emmy Award]]'' (de wichtichste Amerikaanske [[tillefyzje]]priis) takend yn 'e kategory treflike yndividuële prestaasje: kreätive technyske feardichheden.
3.166

bewurkings