Domtsjerke fan Siena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 50:
Yn de tsjerke falt it effekt fan de swart en wite moarmeren bannen op de muorren en pylders op. Swart en wyt binne de kleuren fan it stedswapen fan Siena. De [[Kapiteel|kapitelen]] fan de pylders yn it westen binne fersierd mei [[Allegory|allegoryske]] boarstbylden en bisten. By de hiele omtrek fan it middenskip lâns rint in horizontale list mei 172 boarstbylden fan pausen fanôf [[Petrus]] oant [[Paus Lucius III|Lucius III]]. Dêrûnder tusken de bôgen binne de boarstbylden fan 36 hearskers. It ferwulft hat ynstee fan fresko's in blaue himel mei gouden stjerren, wylst de ribben en [[tierceron]]s fersierd binne mei ryk útwurke motiven.
 
It [[Brânskildere glês|brânskildere]] rûne raam yn it koer waard yn 1288 makke neffens it ûntwerp fan [[Duccio di Buoninsegna]]. It is ien fan de âldst noch besteande foarbylden fan Italjaansk brânskilderd glês. It [[roasfinster]] yn de gevel stamt fan 1549 en stelt it [[Lêste Nachtmiel|Lêste Nachtmiel]] foar. It is it wurk fan Pastorino de' Pastorini.
[[File:Siena, Italy (Unsplash szVTIkisN1M).jpg|thumb|left|250px|<center>''Koepel''</center>]]
De seishoekige, net hielendal symmetryske koepel wurdt bekroand mei [[Gian Lorenzo Bernini|Bernini]]'s fergulde lantearne. De ''[[trompe l'oeil]]''-[[kassette (arsjitektuer)|kassettes]] binne yn it lêst fan de 15e iuw blau farve mei gouden stjerren. De kolonnade yn de koepel is fersierd mei fresko's fan 42 patriarchen en profeten, skildere yn 1481 troch Guidoccio Cozzarelli en Benvenuto di Giovanni. De acht bylden op de hoeken ûnder de koepel binne yn 1490 makke troch Ventura di Giuliano en Bastiano di Francesco en wiene oarspronklike polychroom, mar yn 1704 binne se fergulde.