Pieter Breuker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kaairoman taheakke
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 2:
 
== Oplieding en wurk==
Pieter Breuker die doktoraaleksamen [[Nederlânsk]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam|Universiteit van Amsterdam]] ([[UfA|UvA]]) en doktoraaleksamen [[Frysk]] oan de [[Frije Universiteit|Vrije Universiteit]] ([[VU|(VU)]]).
 
Nei studint-assistintskippen Frysk oan resp. de [[Universiteit Utrecht]] (UU; 1970-1971) en de VU; 1971-1973) gong Breuker oan it wurk as learaar Nederlânsk (1973) en letter ek Frysk (1975) oan de Ryks Pedagogyske Akademy op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. Yn 1978 krige er in dieltiid-oanstelling oan it [[Frysk Ynstitút]] fan de [[Ryksuniversiteit Grins]] ([[RuG]]), dy’t yn 1979 omset waard yn in folsleine baan as wittenskiplik meiwurker foar Frysk oan dy ynstelling. Hy promovearre yn 1993 oan de R''u''G op in sosjolinguistysk ûnderwerp: ''Noarmaspekten fan it hjoeddeiske Frysk''. Oant syn pensioen ta hat Breuker oan de R''u''G sosjolinguistyk, fakdidaktyk, taalfeardigens en Frysk-foar-net-Frysktaligen jûn en dêrneist de learare-oplieding Frysk fersoarge. Hy hat foaral oer de beide earste ûnderwerpen in protte publisearre.