Noard-Masedoanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Coat_of_arms_of_the_Republic_of_Macedonia.svg ferfange troch Coat_of_arms_of_North_Macedonia.svg (troch CommonsDelinker om't: File renamed: [[:c:COM:FR#FR6
SpesBona (oerlis | bydragen)
L →‎Skiednis: + NAFO
Rigel 88:
De namme Masedoanje leit gefoelich by it buorlân Grikelân om't de regio Masedoanje ek in grut part fan it noarden fan Grikelân omfiemet. Dêrom brûke de [[Feriene Naasjes]] en in pear standarisaasjeynstituten foar de republyk de oantsjutting ''Former Yugoslav Republic Of Macedonia'' (''Eardere Joegoslavyske republyk fan Masedoanje''), yn ôfkoarte foarm ''F.Y.R.O.M.''. De measte lannen brûke yn it ynternasjonale ferkear no lykwols gewoan de namme fan it lân. De Griken neame it lân ienfâldichwei [[Skopje]], nei de haadstêd.
 
De nije Republyk Masedoanje hie net folle te lijen fan de gefolgen fan de oarloggen troch it útienfallen fan Joegoslaavje. Dat feroare doe't yn 1998 it ekstreem-nasjonalistyske ortodokse regear ûnder premier Gregoriefski oan de macht kaam, en der ek noch oarloch útbruts yn [[Kosovo]]. In protte etnyske Albanezen flechten fuort út Kosovo, en in part derfân kaam nei Masedoanje, dêr't al in etnysk-Albaneeske minderheid wenne. De Albanezen yn Masedoanje, organisearre yn de [[UCK-M]], stribben nei unôfhinklikens. Dit late yn [[2001]] ta in koarte mar fûle striid tusken etnyske Albanezen en it Masedonyske regearingsleger. Dit einige dermei dat in ynterfinsjemacht fan de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] nei it gebiet stjoerd waard en dat it regear tasei dat de Albaneeske minderheid mear te sizzen krije soe. Noard-Masedoanje is sûnt 27 maart 2020 lid fan de [[NAFO]].
 
== Demografy ==