Generaal-op-see: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 1:
In '''generaal-op-see''' (soms oantsjut as '''generaal fan de float''') wie de heechste [[militêre rang]] yn 'e Ingelske [[marine]] ûnder de [[Ingelske Republyk]] en it [[Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân]] ([[1649]]-[[1660]]). Dizze rang kaam yn it plak fan 'e rang fan [[admiraal]], dy't foartiid yn gebrûk wie en ek neitiid wer brûkt waard. Alle generaals-op-see wiene eardere [[ofsier]]en út it [[Ingelske Leger]]. In generaal-op-see waard oansprutsen as 'generaal' of mei syn eardere [[lânmacht]]rang. Hjoed oan 'e dei wurde se faak gewoan 'admiraals' neamd, hoewol't dat histoarysk ynkorrekt is.
 
Yn [[febrewaris]] [[1649]], binnen in [[moanne (tiid)|moanne]] nei de [[eksekúsje]] fan [[kening]] [[Karel I fan Ingelân]], besleat it nije [[regear]] fan wat it [[Keninkryk Ingelân]] west hie, om 'e âlde [[Royal Navy|Keninklike Marine]] (doe omneamd ta de Parlemintêre Marine) te herfoarmjen. Oan it haad fan 'e marine waarden doe lânmachtofsieren oansteld, fan wa't de [[trou]] oan it nije rezjym bûten kiif stie. De earsten fan dy generaals-op-see wiene de [[kolonel]]s [[Robert Blake (admiraal)|Robert Blake]], [[Edward Popham]] en [[Richard Deane (keningsmoardner)|Richard Deane]]. Hja waarden ek beneamd ta [[kommissaris]]sen foar de [[admiraliteit|admiraliteit]].
 
Popham waard nei syn dea yn [[1651]] ferfongen troch [[George Monck, 1e hartoch fan Albemarle|George Monck]], dy't yn [[1652]] as sadanich beneamd waard en him ûntjoech ta de bekendste generaal-op-see. Hy soe neitiid in wichtige rol spylje by de [[Restauraasje fan it Hûs Stuart]]. Oare generaals-op-see wiene: [[George Ayscue]], [[John Desborough]], [[William Penn (marine-ofsier)|William Penn]] en [[Edward Montague, 1e greve fan Sandwich]].