Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 62:
====Under Karel V====
Yn [[1532]] waard Alva troch de [[Hûs Habsburch|Habsburger]] [[Karel V]], dy't sawol [[kening]] fan [[Spanje]] as [[keizer]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]] wie, nei [[Wenen]] ta stjoerd om te helpen by de ferdigening fan dy stêd tsjin it optsjende [[Osmaanske Ryk|Osmaanske]] leger. Dat rûn lykwols mei in skamper ôf, want by it [[Belis fan Güns]] hiene de Osmanen sa'n soad fertraging oprûn, dat se besleaten ôf te sjen fan in [[belegering]] fan Wenen. Alva waard by dizze gelegenheid beselskippe troch de Spaanske [[soldaat]] en [[dichter]] [[Garcilaso de la Vega]], dy't letter in diel fan syn ''Ekloge II'' oan Alva en syn [[famylje (besibskip)|hûs]] wijde.
[[File:Anthonis_Mor_020Fernando Álvarez de Toledo, III Duque de Alba, retratado por Antonio Moro.jpg|left|thumb|200px|De hartoch fan Alva yn [[1549]], op in [[portret]] skildere troch [[Anthonis Mor]].]]
 
Yn [[1535]] krige Alva it befel om him by it leger fan [[Alfonso d'Avalos, markys fan de Vasto]] te jaan, wêrmei't er him yn [[juny]] [[1535]] yn [[Cagliari]], op [[Sardynje]], ynskipe foar de oerstek nei [[Noard-Afrika]]. Op [[14 july]] feroveren de Spaanske troepen yn Osmaansk Tuneezje de fêsting [[La Goleta]], en in wike letter fûn de [[Ynname fan Tunis (1535)|Ynname fan Tunis]] plak, dat ferdigene waard troch [[Hayreddin Barbarossa]]. Yn [[1542]] fierde Alva ûnder de saneamde [[Italjaanske Oarloch (1542-1546)|Italjaanske Oarloch fan 1542-1546]] de Spaanske troepen oan dy't it Frânske [[Belis fan Perpignan (1542)|Belis fan Perpignan]] brieken. Dat wie ien fan 'e grutste oerwinnings út Alva syn libben en in slimme tebeksetter foar kening [[Frâns I fan Frankryk]].