Billboard Hot 100: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
 
Rigel 1:
[[File:Billboard Hot 100 logo.jpg|right|thumb|250px|It [[logo]] fan 'e ''Billboard'' Hot 100.]]
De '''''Billboard'' Hot 100''' ([[útspr.]]: ['bɪlboəɹd hɔt wɑn'hʌndrədhʌndɹəd], likernôch: "<u>bil</u>-board hot ûan-<u>han</u>-drud") is de wichtichste [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[hitlist]] foar [[single (muzyk)|singles]] fan [[popmuzyk]]. De list wurdt sûnt [[1958]] ienris yn 'e [[wike]] publisearre troch it [[tydskrift]] ''[[Billboard (tydskrift)|Billboard]]''. Hy wurdt gearstald op basis fan [[ferkeap]]sifers (fysyk en [[ynternet|digitaal]]), [[airplay]] (hoe faak oft in nûmer op 'e [[radio]] draaid wurdt), en hoe faak oft it yn 'e Feriene Steaten [[online]] [[streaming media|streamd]] wurdt.
 
De perioade op basis wêrfan't de ''Billboard'' Hot 100 gearstald wurdt, rûn oarspronklik fan [[moandei]] oant en mei [[snein]] doe't it [[bedriuw]] [[Nielsen Holdings PLC|Nielsen]] yn [[1991]] úteinsette mei it byhâlden fan 'e ferkeapsifers, mar yn [[july]] [[2015]] waard dy perioade feroare yn [[freed]] oant en mei [[tongersdei]]. Deselde perioade foar it fêstlizzen fan data jildt ek foar online [[streaming media]]. Hoefolle útstjoertiid oft op 'e radio oan in beskaat nûmer bestege wurdt ('airplay'), wurdt byholden yn in syklus dy't fan moandei oant en mei snein rint (foarhinne [[woansdei]] oant en mei [[tiisdei]]). ''Billboard'' stalt eltse tiisdei in nije Hot&nbsp;100-hitlist gear en makket dy deselde deis noch iepenbier.