Nederlânske Arbeidstsjinst: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 7:
== Tsjinstplicht ==
[[Ofbyld:Werkkamp Diever1.jpg|thumb|right|250px|''Gebou fan earder NAT-kamp Diever B'']]
Yn't earstoan gie men frijwillich by de Nederlânske Arbeidstsjinst en waard dan arbeidsman neamd. It wie in oantreklike regeling om wurkleazens fan de 55.000 Nederlânske [[militêr]]en foar te kommen. Militêren waarden oplaat ta kader. Frijwilligers stienen lykwols net yn de rige foar de NAT. Yn skriuwen yn desimber 1940 rôp de Nederlanners op om harren as frijwilliger op tejaan by ien fan de 1024 oanmeldburo's fan de NAT. Der wiene net folle dy't dat dienen. Mear froulju as manlju melden harren oan.<ref>Gemeenteargyf Midden-Drinte</ref> Op 1 jannewaris [[1942]] waard foar eltse Nederlanner dy't dat jier 18 waard en foar de ein fan it jier noch gjin 23 wie, de net-bewapene [[tsjinstplicht]] ynfierd. Foar manlju en froulju gelyk. Yn 1943 waard wat de manlju oanbelange yndie de folsleine lichting fan dat jier oproppen. Froulju waarden yn de omkriten fan harren wenplak oan't wurk set. Hja moasten bygelyks ierdappelskile foar de [[kazerne]]. Manlju bedarren fier fan hûs yn kampen en wurken oan wegen, kanalen en yn de lânbou. De tsjinstplicht duorre in heal jier. Sport, oarder en tucht wiene wichtich. De mannen waard ek leard om te eksersearjen mei de skep oan't skouder. De trening yn de NAT wie der op rjochte de manlju it dollen fan [[tankgreft|tankfallen]] en [[rinfuorge|rinfuorgenen]] oan it [[Eastfront|eastfront]] by te bringen. Oan de ein fan de tsjinstplicht waard de manlju in kontrakt foarhâlden dat soksoarte wurk regele. Hast eltsenien wegere om te tekenjen. Dan koe men in wan op de bealch krije, mar de wegeraar koe wol nei hûs ta. De kampen waarden laat út Amersfoart wei.
 
== Ynrjochting kamp ==