SARS-CoV-2: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Makke troch it oersetten fan 'e side "SARS-CoV-2"
 
No edit summary
Rigel 1:
'''SARS-CoV-2''', somtiden oantsjutten as it '''COVID-19-firus''' en earder bekend as '''2019-nCoV'''<ref>https://www.biorxiv.org/content/10.1101/2020.02.07.937862v1</ref>, is in [[Firus (biology)|firus]] dat de longsykte ''[[COVID-19]]'' by minsken feroarsaket.<ref>[https://www.nu.nl/buitenland/6030071/who-noemt-ziekte-die-coronavirus-veroorzaakt-covid-19.html WHO noemt ziekte die coronavirus veroorzaakt COVID-19], www.nu.nl, 11 februarifebrewaris 2020</ref>
 
It firus waard foar it earst rapporteare op 30 desimber 2019 yn [[ Wuhan |Wûhan]], de haadstêd fan 'e [[Sina|Sineeske]] provinsje Hubei[[Hûbei]]<ref>[https://www.theguardian.com/world/2020/mar/11/coronavirus-wuhan-doctor-ai-fen-speaks-out-against-authorities Coronavirus: Wuhan doctor speaks out against authorities], ''The Guardian'', geraadpleegdriedplege op 25 maart 2020</ref>. By it útbrekken yn 2019 en begjin 2020 wiene de earste pasjinten foaral besikers en meiwurkers fan 'e Huanan-[[fiskmerk]] yn Wûhan. Fanwegen dit waard al gau oannommen dat it firus in soönotyske oarsprong hat.
 
Dit firus heart ta de famylje fan koroana/coronafirussen. Dizze wurde ta de positive ienstrengige RNA-firussen rekkene en wurde sa neamd fanwege de "kroan" ("corona" is [[Latyn]] foar "kroan") om 'e losse firuspartikels. It genoom fan SARS-CoV-2 hat in lingte fan 29.903 nukleotiden en bestiet út ferskate genen dy't kodearje foar de proteïnen wêrút it firus opboud is.<ref>[https://www.ncbi.nlm.nih.gov/nuccore/NC_045512 Severe acute respiratory syndrome coronavirus 2 isolate Wuhan-Hu-1, complete genome] (completekomplete genetischegenetyske codekoade vanfan hetit virusfirus); [https://www.ncbi.nlm.nih.gov/nuccore/NC_045512.2?report=graph hierhjir] (interactieveynteraktive genenkaartgenekaart), beide op de NCBI GenBank.</ref>
 
Sân fan 'e bekende koroana/coronafirussen binne yn steat minsken te ynfektearjen. De symptomen fariearje fan in ienfâldige [[Ferkâldenens|kjeld]] oant earnstiger omstannichheden lykas MERS en SARS. SARS-CoV-2 is op grûn fan de genetyske oerienkomsten as in SARS-relatearre corona/koroanafirus klassifisearre, wat net betsjut dat COVID-19 deselde sykte is as SARS: it gemiddelde ferrin en de kontaminaasjegraad wike ôf.
Rigel 14:
Yn it begjin hie it firus gjin eigen namme. Yn it begjin waard it firus dus gewoan oantsjut as in "nij koroana/coronafirus", yn it Ingelsk in "novel coronavirus". Mei it jier fan ûntdekking waard dit ynkoarte ta 2019-nCoV of nCoV-2019.
 
Presidint [[Donald Trump]] fan de [[Feriene Steaten]] neamde it firus yn maart ferskate kearen "it Sineeske firus", ferwizend nei de geografyske oarsprong. Nettsjinsteande dat in firus of sykte yn it ferline wol faker nei in geografyske lokaasje neamd waard (lykas de [[Meksikaanske gryp]] of it [[Ebolafirus]]), waard Trump út guon hoeken wei bekritisearre. Neffens dizze kritisy soe it beneamen fan de geografyske oarsprong ta stigma, rasisme, en sels fysyk geweld tsjin minsken fan Aziatyske komôf yn 'e FS liede. Trump neamde syn kar fan wurden in ferdigening tsjin falske ynformaasje fan Sina as soe it Amerikaanske leger achter de útbraak sitte.