Dokkumersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Rigel 21:
 
Oant djip yn 'e [[njoggentjinde iuw]] wie it Dokkumersk yn Dokkum de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it [[Standertnederlânsk]]. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it [[Nederlânsk]]. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Dokkum ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Dokkumersk te praten.
 
Yn [[2019]] waard it [[Genoatskip foar it Gebrûk fan it Dokkumersk]] (''Genoatskap foar ut Gebrúk fan ut Dokkumers'') oprjochte, in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan it Dokkumersk.
 
==Taaleigenskippen==