Wite Tongersdei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|300px|Lêste Jûnsmiel fan de Frânske skilder Philippe de Champaigne '''Wite Tongersdei''' is de fyfte dei...
 
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 1:
[[File:Last supper-Philippe de Champaigne-MBA Lyon A40-IMG 0397.jpg|thumb|300px|Lêste Jûnsmiel fan de Frânske skilder Philippe de Champaigne]]
'''Wite Tongersdei''' is de fyfte dei yn de [[Goede Wike]]. Op dizze dei betinke [[Kristendom|kristenen]] it lêste jûnsmiel fan [[Jezus (tradysjoneel-kristlik)|Kristus]] mei de tolve apostles foar de [[Krusiging|krusiging]]. Liturgysk wurdt de dei omskreaun as ''Feria quinta in coena Domini'' (Fyfte dei, Jûnsmiel fan de Hear").
 
De Wite Tongersdei is de dei foar [[Goed Freed]]. Mei de fesper begjint op de jûn fan Wite Tongersdie it ''Triduum Sacrum'', dat wol sizze de fiering fan Goed Freed (it lijen fan Kristus), Stille Saterdei (de dea fan Kristus) en Peaskesnein (de opstanning fan Kristus). Fanwegen it lêste jûnsmiel en de troch Jezus Kristus sels ynfierde [[eucharisty]] hat Wite Tongersdei in hege status yn de liturgy. De liturgyske kleur fan Wite Tongersdei is wyt, dêr't de dei de namme oan ûntlient.