Baly: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk hat de side Baly (eilân) omneamd ta Baly: wat foar oare betsjuttings kin dat hawwe?
L kopkes normalisearre
Rigel 1:
'''Baly''' is in [[Yndoneezje|Yndonezyske]] [[provinsje]] en in [[eilân]] dat beëasten [[Java (eilân)|Java]] en bewesten [[Lombok (eilân)|Lombok]] leit. Fan de [[Lytse Sûnda-eilannen]] leit Baly it meast westlik. It eilân is 5561 km² grut en hie yn 2019 4.336.900 ynwenners. De grutste [[etnyske groep]] op it eilân wurdt foarme troch de [[Balinezen]], dy't de lânseigen [[befolking]] binne. Harren [[taal]] is it [[Balineesk]], mar de measte minsken kinne ek [[Yndonezysk]] sprekke. It meastepart fan 'e Balinezen bestiet út [[Hindoeïsme|hindoes]]; dit yn tsjinstelling ta de befolking fan Yndoneezje as gehiel, dy't foar it meastepart út [[moslims]] bestiet. De haadstêd fan Baly is [[Denpasar]], dat súdeastlik leit. Oant 1958 wie dat [[Singaraja]], yn it noarden.
 
=== Taal ===
De lânseigen taal is it Balineesk (''Basa Bali''), in [[Maleisk-Polynezyske talen|Maleisk-Polynezyske taal]] dy't nau besibbe is oan it [[Sasak (taal)|Sasak]] dat op Lombok sprutsen wurdt. It Balineesk wurdt ek sprutsen yn [[Banyuwangi]], in plak oan 'e eastkust fan Java. Yn totaal hat it Balineesk likernôch fjouwer miljoen sprekkers, dêr't de measten fan op Baly wenje. It Balineesk wurdt tradisjoneel skreaun yn in skrift dat ôflaat is fan it [[Brahmi-skrift]], dat oant de [[Midsiuwen]] yn [[Yndia]] brûkt waard. ''Basa Bali'' hat trije nivo's, dy't te krijen hawwe mei it [[kastesysteem]] fan it hindoeïsme. It kastesysteem kin op Baly ûnderferdield wurde yn 4 kasten:
 
Rigel 11:
Njonken it Balineesk wurdt ek de nasjonale taal, it Yndonezysk, sprutsen op Baly.
 
=== Religy ===
Yn Yndonezië is it ferplichte om in [[religy]] te hawwen. De measte minsken op Baly binne hindoe: in 93% fan 'e befolking hat oanjûn him of har as hindoe te identifisearjen. It hindoeïsme op Baly wykt lykwols sterk ôf fan it hindoeïsme yn oare lannen. Dat komt trochdat [[Balineesk hindoeïsme]] bot beynfloede is troch lokale [[mytology]]. It hindoeïsme op Baly hat ek in [[himel]] en in [[hel]], dat hindoeïsme ornaris oars net hat.
 
Rigel 20:
[[Ubud]] wurdt faak sjoen as kulturele haadstêd fan Baly.
 
=== Geografy ===
Mei in oerflak 5561km² is Baly it 108ste eilân fan 'e wrâld, krekt wat grutter as de [[Nederlân|Nederlânske]] provinsje [[Gelderlân]]. De [[Nusa-eilannen]], dy't besúdeasten Baly lizze, falle bestjoerlik ek ûnder de provinsje Baly.
 
Rigel 27:
Yn it westen wurdt Baly skaat fan Java troch de [[Balystrjitte]] en yn it easten wurdt it skaat fan Lombok troch de [[Lombokstrjitte]]. Trochdat de Balystrjitte op syn smelst mar 2,4 kilometer mjit, hat Baly yn it ferline wolris oan Java fêstsitten. Dat betsjut dat de [[natuer]] op Baly en Java ferlykber is. De natuer op Lombok is bot oars; troch de bredere Lombokstrjitte rint ek de saneamde [[Wallaceline]], in tinkbyldige line dy't as skieding fan [[Azië]] en [[Oseaanje|Oseanië]] sjoen wurdt. Bewesten en benoarden dizze line wurde diersoarten besibbe oan Aziatyske bisten fûn, wylst besuden en beëasten dizze line soarten fûn wurde dy't besibbe binne oan [[Austraalje (lân)|Australyske]] bisten.
 
=== Toerisme ===
Baly is ferneamd om it [[toerisme]], dêr't de [[ekonomy]] it eilân foar it grutste part op draait. Fanwegen de freonlike befolking, de griene natuer, de moaie strannen en de lege prizen is it eilân populêr ûnder toeristen, benammen ûnder [[backpacker]]s. [[Canggu]], [[Ubud]], [[Uluwatu]] en benammen [[Kuta (Baly)|Kuta]] binne populêre bestimmings. De measte toeristen komme binnen troch it ynternasjonale [[fleanfjild Nguruh Rai]]. It toerisme is sa bot oanwêzich op Baly, dat it suden fan it eilân stadichoan folboud rekke en tsjintwurdich ien grut, drok doalhôf is. Yn 2012 ha der sa'n fiif miljoen toeristen nei Baly west.