Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften ''Главный храм Вооружённых сил России'' | ôfbylding..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 19 jun 2020 om 21.30

De Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften is in oan de opstanning fan Kristus wijd tsjerkegebou (Russysk: Главный храм Вооружённых сил России (Храм Воскресения Христова)). De tsjerke stiet yn it rekreaasjepark Patriot westlik fan Ruslân's haadstêd Moskou yn de oblast Moskou. De tsjerke waard boud yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum fan de Russyske oerwinning fan de "Grutte Patroityske Kriich" en de wijing foarme diel fan de festiviteiten fan dat jubileum.

Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften

Главный храм Вооружённых сил России

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Kûbinka
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2018-2020
oare ynformaasje
kosten ± 75 miljoen euro
offisjele webside
Side katedraal

Lokaasje

De tsjerke stiet yn it noardlik diel fan it rekreaasjepark Patriot yn de russyske stêd Kûbinka, likernôch 60 kilometr westlik fan Moskou.

Skiednis

 
Presidint Pûtin en patriarch Kyrill op de dei fan de seremoanje foar it lizzen fan de earste stien

De plannen foar de bou fan de haadtsjerke foar de striidkrêften fan Ruslân waarden yn 2018 ôfkundige. It ynisjatyf gyng werom op de minister fan definsje, Sergej Sjojgû, dy't tegearre mei Vladimir Pûtin yn 2018 ek de earste stien lei.[1]

De tsjerke waard boud mei help fan jeften fan û.o. de russyske regisseur Nikita Michalkov en de sportman Vjatsjeslav Fetissov, mar ek de Steat en wapenbedriuwen soene yn de bou ynvestearre ha. Meiïnoar hat de bou fan de katedraal sa'n seis miljard rûbel (likernôch 75 miljoen euro) koste.

De iepening fan de katedraal soe op 9 maaie 2020 plakfine, op de dei dat it 75 jier lyn wie dat de Twadde Wrâldkriich yn Ruslân einige. Fanwegen de COVID-19-pandemy waard de iepening ferskood nei 14 juny 2020. By de ynwijing wiene de minister fan definsje Sergej Sjojgû en patriarch Kyrill oanwêzich.

Arsjitektuer

 
Ynwijingplechtichheid fan de katedraal

De katedraal bestiet út in tsjerkegebou mei in oangrinzgjende klokketoer. Meiïnoar telt de katedraal seis sipelfoarmige gouden koepels. De sintrale haadkoepel fan de katedraal is 89,5 meter heech en dêrmei is it gebou ien fan de fiif heechste tsjerken yn Ruslân.

De ôfmjittings fan de boudielen ferwize somtiden nei histoaryske gegevens. De haadkoepel hat in trochsnit fan 19,45 meter, it jiertal dat de Twadde Wrâldkriich einige. De Dútsk-Sovjetyske kriich duorre 1418 dagen en ien fan de koepels is 14,18 meter heech. De klokketoer waard net heger dan 75 meter om't de katedraal yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum boud waard. De muorren krigen legergriene kleuren en it glês-yn-lead yn it ferwulft is fersierd mei militêre oardes. Yn de trêden fan de haadyngong binne wapens fan de Dútske Wehrmacht ynboud, dy't it Reade Leger op de Dútsers bút makke hat. De fan metaal makke twadielige tagongsdoar wurdt fersierd mei de ryksearn. Yn de earn stekt in swurd, dat tagelyk as de greep fan de doar tsjinnet.[2]

Yn de katedraal binne in mozaïeken oanbrocht fan û.o. hilligen, russyske politisi en militêre oantinkens.[3]

It gebou jout plak oan 6.000 minsken en hat in totaal oerflak fan 10.950 m².[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hauptkirche der Streitkräfte Russlands