Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Ynfoboks bouwurk | namme = Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften ''Главный храм Вооружённых сил России'' | ôfbylding..."
 
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 34:
 
== Lokaasje ==
De tsjerke stiet yn it noardlik diel fan it rekreaasjepark Patriot yn de russyske stêd [[Kûbinka]], likernôch 60 kilometr westlik fan [[Moskou]].
 
== Skiednis ==
Rigel 46:
== Arsjitektuer ==
[[File:Ceremony of consecration of the Main temple 15.jpg|thumb|260px|<center>''Ynwijingplechtichheid fan de katedraal''</center>]]
De katedraaltsjerke bestiet út in tsjerkegebou mei in oangrinzgjende klokketoer. Meiïnoar telt de katedraaltsjerke seis sipelfoarmige gouden koepels. De sintrale haadkoepel fan de katedraal is 89,5 meter heech en dêrmei is it gebou ien fan de fiif heechste tsjerken yn Ruslân.
 
De ôfmjittings fan de boudielen ferwize somtiden nei histoaryske gegevens. De haadkoepel hat in trochsnit fan 19,45 meter, it jiertal dat de Twadde Wrâldkriich einige. De Dútsk-Sovjetyske kriich duorre 1418 dagen en ien fan de koepels is 14,18 meter heech. De klokketoer waard net heger dan 75 meter om't de katedraaltsjerke yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum boud waard. De muorren krigen legergriene kleuren en it glês-yn-lead yn it ferwulft is fersierd mei militêre oardes. Yn de trêden fan de haadyngong binne wapens fan de Dútske [[Wehrmacht]] ynboud, dy't it Reade Leger op de Dútsers bút makke hat. De fan metaal makke twadielige tagongsdoar wurdt fersierd mei de ryksearn. Yn de earn stekt in swurd, dat tagelyk as de greep fan de doar tsjinnet.<ref>[https://www.sueddeutsche.de/politik/russland-universum-der-symbole-1.4900691 Süddeutsche Zeitung, 07.05.2020]</ref>
 
Yn de katedraaltsjerke binne in mozaïeken oanbrocht fan û.o. hilligen, russyske politisi en militêre oantinkens.<ref>[https://www.n-tv.de/panorama/Putin-Mosaik-ziert-neue-Militaerkirche-article21749160.html n-tv, 30.04.2020]</ref>
It gebou jout plak oan 6.000 minsken en hat in totaal oerflak fan 10.950 m².<ref>[https://www.bbc.com/news/blogs-news-from-elsewhere-45471739 BBC News, 11.09.2018]</ref>