Súdafrikaanske Republyk: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 39:
== Skiednis ==
=== Iere skiednis ===
De Transfaal-regio wurd al tûzenen jierren bewenne troch foarâlden fan de [[Khoisan]] en troch Izertiidrekfoarâlden fan hjoeddeisk [[Bantû]]talige Súdafrikanen, bygelyks [[Sotho]], [[Swaty]], [[Tswana]], [[Pedi]], [[Venda]] en [[Transfaal-Ndebele]] minsken. Oan it begjin fan de [[19e iuw]] wie it gebiet, dat letter de Súdafrikaanske Republyk wurde soe, it thús fan tûzenen delsettings, wêrûnder Dithakong, wêrfan it ynwennertal oerienkaam mei it tal ynwenners fan [[Kaapstêd]] yn dy tiid. De ynwenners fan dy doarpen en stêden hâlden harren dwaande mei buorkjen, mynbou, it meitsjen fan metalen ark en lange ôfstân hannel. Yn [[1817]] waard it gebiet oanfallen troch [[Mzilikazi]], in earder luitenant fan Zulu-kening [[Shaka]]. Nei in koarte alliânsje mei de Transfaal-Ndebele waard Mzilikazi lieder fan it Ndebele-folk. Mzilikazi’s ynfaasje fan de Transfaal wie de begjin fan in searje fan
By it ynlûken fan de Transfaal troch de Ndebele lutsen de oerbleaune Venda nei it noarden nei [[Waterberg]] en [[Zoutpansberg]]. Mzilikazi makke syn haadkertier noardlik fan de [[Magaliesberg]] deunby it hjoeddeiske [[Pretoria]], mei in wichtige militêre bûtenpost om de hannelsrûtes nei it noarden te beskermjen. By it ferôverjen fan de Transfaal sleaten in soad minsken fan de ferôvere Sotho-Tswana en oare stammen harren oan by de Ndebele. Fan [[1827]] oant likernôch [[1836]] dominearre Mzilikazi it súdwesten fan de Transfaal. Foar dy tiid wie de regio tusken de [[rivier]]en de Faal en Limpopo kwealik bekend by Europeanen, mar yn [[1829]] krige Mzilikazi besite fan [[Robert Moffat]] en fan doe ôf oant [[1836]] kamen Britske hannelers út en troch it lân besykjen.
|