Karlovy Vary: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px<br> | Flagge= 100px| Wapen= File:Karlovy Vary (z..."
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 jun 2020 om 12.07

Karlovy Vary, ek bekend ûnder de Dútske namme Karlsbad, is in stêd yn it westlik diel fan Tsjechje. De stêd leit op it plak dêr't de rivier de Teplá (Dútsk: Tepl) yn de rivier Ohře (Dútsk: Eger) útmûnet.

Karlovy Vary

Flagge Wapen
Polityk
Lân Tsjechje
Kraj Karlovy Vary
Sifers
Ynwennertal 48.479 (01.01.2020)
Oerflak 59,10 km²
Hichte 447 m. boppe seenivo
Oar
Stifting 1370
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside karlovyvary.cz

Skiednis

Karlovy Vary waard healwei de 14e iuw stifte troch Karel IV, keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Bohemen. Hy joech syn namme oan de stêd, dy't oer de hiele wrâld ferneamd waard fanwegen de boarnen. De 13 grutte boarnen, de likernôch 300 lytsere boarnen en it waarme wetter fan de Teplá brochten de stêd grutte rykdom. Ek krige de stêd namme fanwegen de produksje fan porslein.

Karlovy Vary is tsjintwurdich in toeristysk kuerplak.

Befolking

De oarsprong fan Karlovy Vary is Dútsk. Nei de Earste Wrâldkriich waard de Dútsktalige befolking fan Bohemen neffens it Ferdrach fan Saint-Germain (1919) tsjin harren sin by de nije steat Tsjechoslowakije yndield. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden de Dútske boargers fan Tsjechoslowakije fan al harren besit ûnteigene en moasten hja it lân ferlitte. Karlsbad waard Karlovy Vary en etnysk folslein Tsjechysk.