Spikerskrift: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L typfl
 
Rigel 4:
It skrift dat foaral yn it ekonomysk ferkear brûkt waard, soe al gau oernommen wurde troch de folken om Sumearje hinne, lykas de [[Elamiten]] de [[Akkaadjers]] en letter de [[Babyloanje]]rs. Yn in tiidrek fan 3000 jier skreaunen de ynwenners fan Mesopotaamje en grutte parten fan it âlde Midden Easten yn it spikerskrift op klaaitabletten. Foar safier't dizze klaaitabletten net fernield binne, hawwe sy de rin fan de tiid goed trochstien. Uteinlik rekke it spikerskrift yn ûnbrûk fanwege har kompleksiteit, mar omdat skreaun waard op klaaitabletten, hawwe [[archeology]]ske opgravingen fan Mesopotamyske stêden in soad autintyk skreaune [[histoaryske boarne]]n opsmiten. Mear as dat fan de [[Grikelân|Griken]] en [[Romeinske ryk|Romeinen]]. Miljoenen klaaitabletten binne sûnt likernôch [[1850]] by opgravingen oan it ljocht kaam. Alle mooglike fasetten fan it deistige, religieuske en ekonomyske libben fan doedytiids binne bewarre bleaun en wurde no bestudearre troch de wittenskip dy't [[assyriology]] hjit.
 
De kennis fan it spikerskrift wie ferlern rekke en is yn [[1835]] foar it earst ûntsifere troch [[Henry Rawlinson]], in Britske legeroffisier. Hjirby spile de [[Behistun Ynskripsje]] in tige wichtige rôl. De betsjutting fan dizze ynskripsje is te fergelykjen mei de [[Rosetta Stien]] foar de ûntsifering fan de [[Egyptyske hiërogliefenhieroglifen]].
 
[[Kategory:Mesopotamyske Aldheid]]