Fal fan it Westromeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 5:
De fal fan it Romeinske Ryk sette eins yn 'e [[fjirde iuw]] al yn, doe't ynterne strideraasjes tusken ûnderskate [[troanpretendint]]en en tusken it [[Gryksk]]talige [[easten]] en it [[Latyn]]sktalige [[westen]] laten ta in opdieling fan it ryk yn in eastlik en in westlik diel. It easten foarme yn it begjin it [[Eastromeinske Ryk]], dat lykwols nei de [[haadstêd]] [[Konstantinopel]], dy't oarspronklik Byzantium hjitte hie, al rillegau bekend kaam te stean as it [[Byzantynske Ryk]]. It westen foarme it [[Westromeinske Ryk]], mei de âlde [[keizer]]like residinsje [[Rome (stêd)|Rome]] as haadstêd. Yn [[376]] sette it stadige ferfal fan it Romeinske Ryk yn, doe't ûntsjinkearbere oantallen [[Goaten]] en oare net-Romeinske folken op 'e flecht foar de [[Hunnen]] oer [[Goatyske Oarloch (376-382)|de Romeinske grinzen hinne krongen]].
 
Yn [[395]] kaam keizer [[Teodoasius I]] te [[ferstjerren]] nei't er twa ferwoastgjende [[boargeroarloggen]] wûn hie. Hy liet in leger nei dat op it punt fan ynstoarten stie wylst it ryk noch altyd pleage waard troch de Goaten en ferdield wie tusken de mei-inoar oarlochfierende [[minister]]s fan syn beide ynkompetinte [[soan]]nen. De swakte fan 'e Romeinen late ta it oerstekken fan 'e [[Ryn]] troch oare [[Germaanske folken]], dy't likemin as de Goaten ferjage, ferslein of útrûge wurde koene. It [[Romeinske leger|Westromeinske leger]] wie tsjin dy tiid lyts en min traind en nettsjinsteande koarte weroplibbings ûnder kundige hearskers waard it sintrale regear nea wer wat it foartiid wie.
 
Tsjin [[475]] wie de [[militêr]]e, [[politike]] en [[ekonomy]]ske macht fan 'e keizer fan it Westromeinske Ryk te ferwaarleazgjen. Likemin hied er noch effektive behearsking oer de stikjes en brokjes fan it eardere Westromeinske Ryk dy't doe noch yn Romeinske hannen wiene. Barbaarske [[keninkriken]], lykas dy fan 'e [[Ostrogoaten]], de [[Fisigoaten]], de [[Boergonden]] en de [[Fandalen]], hiene grutte dielen fan it ryk beset. Yn [[476]] waard [[Romulus Augustulus]], de lêste keizer fan it Westromeinske Ryk, ôfset troch de Ostrogoatyske fjildhear [[Odoäker]]. De [[Romeinske Senaat]] stjoerde neitiid de keizer fan it Byzantynske Ryk de keizerlike emblemen ta.