Hilligerlee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 48:
 
Yn it [[Grinslânsk]] wurdt it doarp ek wol ''Kloosterholt'' neamd. Dy namme komt fan it eardere kleaster. Kloosterholt wie oant de iere [[tweintichste iuw]] in apart buorskip.
 
== Skiednis ==
=== Kleaster ===
Yn [[1231]] waard troch abt [[Herderik fan Schildwolde|Herderik]] fan it [[kleaster]] ''[[Gratia Sanctae Maria]]'' yn [[Schildwolde]] in nonnekleaster stifte dat ''[[Mons Sinaï]]'' hiet. De beide kleasters hearden by de oarder fan de [[Norbertinen]]. It nonnekleaster waard wijd oan de hillige Katarina fan Aleksanderje. Herderik stjoerde syn muoike Etelsedis dêrhinne en stelde plebaan Liudwardus fan Schildwolde oan as [[prior]]. Yn [[1288]] wennen der 150 nonnen. It kleaster hie sa'n fjouwer [[foarwurk]]en: ''De Smacht'' by [[Westerlee]], ''Grangsheerd'' by [[Súdbroek]], ''Lesterhuis'' by [[Termunten]] en ''Kloostergare'' yn [[Beerta]]. Fierders hie it [[feanterij]]en yn de omkriten fan Wynskoat en buorkerijen yn it Wynskoater Suderfean en [[Blijham]]. De tsjerke fan Westerlee hearde ek by it besit fan it kleaster. De [[Proast]] beneamde de pastoar.
 
=== Slaggen by Heiligerlee ===
Yn [[1536]] yn de [[Gelderske Krigen]] waarden troepen fan [[Karel fan Gelre]] ferslein troch dy fan keizer [[Karel V]] yn de earste [[Slach by Heiligerlee (1536)|Slach by Heiligerlee]]. Karel V krige dêrnei it bewâld oer de [[Ommelannen]] en as keizer fan it [[Hillige Roomske Ryk]] koe er himsels ta hear fan [[Hearlikheid Grinslân|Grinslân]] neame. [[Filips II]], dy't ek kening fan [[Spanje]] waard, folge him op.
 
De [[Slach by Heiligerlee]] (1568]] waard ferneamd om't it de earste jier fan de [[Nederlânske Opstân]] wie, dy't fochten waard tusken de [[Steatsen]] en de Spaanskgesinden. In leger ûnder leiding fan [[Loadewyk fan Nassau|Loadewyk]] en [[Adolf fan Nassau (1540-1568)|Adolf fan Nassau]] retten harren ta foar in oanfal op [[Grins (stêd)|Grins]], mar moasten harren weromlûke. Spaanske troepen kamen harren efternei en by Heiligerlee, dêr't de Steatsen op trije garsten in mûklaach opsetten hiene, kaam it ta in striid. It Syeatske leger fan in pear hûndert manlju fersloegen it Spaanske leger fan 1700 manlju. Greve Adolf sneuvele lykwols yn de slach, lyk as greve [[Jan fan Arenberch]]. Arenberch wie njonken steedholder fan Grinslân ek hear fan [[Wedde]] en [[Westerwâlde]]. It leger fan Loadewyk en Adolf fan Nassau bestie benammen út Dútske troepen en hierlingen.
 
Yn de slach waard it kleaster brûkt en fersoargje de ferwûnen. De lichems fan de greven Adolf fan Nassau en Jan fan Arenberch leine dêr opbierre. Arenberch waard dêr ek begroeven. Doe't Loadewyk fan Nassau en syn troepen flechtsje moasten, stutsen se it kleaster yn de brân. De [[Slach by Jemgum]] yn [[East-Fryslân]] dy't dêrnei folge, waard troch Loadewyk en syn leger ferlern. Hy koe noch mar krekt ûntkomme en swim de [[Iems]] oer.