De Beefmaster is in fleiskoweras dat yn de iere trittiger jierren fan de 20e iuw troch Tom Lasater ûntwikkele is út in krusing fan Hereford- en Shorthorn-kij mei Brahmans.

De krekte gearstalling fan it ras is net witten, mar der wurdt tocht dat Beefmasters foar sa'n 25% Hereford, 25% Shorthorn en 50% Brahman binne. It ras wie it twadde nije koweras dat registrearre waard yn de Feriene Steaten.[1] It oarspronklik doel fan de fok wie om in ko te krijen dy't ekonomysk út koe yn de drege omstannichheden fan Súd-Teksas. Der waard selektearre op seis kearneigenskippen – gewicht, lichemsbou, molkproduksje, fruchtberens, hurdens en karakter. Der is gjin kleurstandert fêstlein, mar de measten binne read.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Eric Schlosser, Fast Food Nation, s.256