Sir Frank Merry Stenton (Manchester, 17 maaie 1880 - 15 septimber 1967) wie in histoarikus dy't Angelsaksysk Ingelân ûndersocht en beskreaun hat en foarsitter fan de Royal Historical Society wie (1937-1945).[1] Hy wie de skriuwer fan Anglo-Saxon England, in diel fan de Oxford History of England, foar 't earst útbrocht yn 1943 en yn 't generaal beskôge as in klassyk wurk oer dat tiidrek.

Syn wiif, Doris Mary Stenton, skreau in foarwurd by de tredde edysje fan Anglo-Saxon England, dat nei syn dea publisearre waard, en redigearre Preparatory to Anglo-Saxon England Being the Collected Papers of Frank Merry Stenton (1970). Hja wie sels skiedkundige en se hat English Society in the Early Middle Ages skreaun.

Stenton krige ûnderrjocht op Keble College, Oxford. Hy waard riddere yn 1948. [2]

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan in part fan it artikel yn de Ingelske Wikipedy: Frank Stenton
  1. Institute of Historical Research, Summary; Royal Historical Society, 'About Us'. Retrieved 19 February 2010.
  2. London Gazette, 30 desimber 1947