Yn Dútslân en Switserlân betsjut in Landeskirche (lâns- of nasjonale tsjerke) de tsjerke fan in regio. It begryp ferwiist almeast nei de protestantske tsjerken, mar yn Switserlân ek wol nei de Roomsk-katolike bisdommen. Hja ûntstiene as de nasjonale tsjerken fan de selsstannige Dútske steaten en de kantons fan Switserlân, dy't letter feriene waarden en foarmje it hjoeddeistige Dútslân (1871) en Switserlân {1848).

Evangelyske Landeskirchen yn Dútslân
Evangelysk-grifformearde Landeskirchen yn Switserlân