Pekachja fan Israel

Pekachja (Hebriuwsk: פקחיה‎‎; "YHWH hat de eagen iepene"; Latynsk: Phaceia) wie de soan fan Menachem en folge him yn it jier 742 foar Kristus op as de santjinde kening fan it Noardryk Israel.

Kening Pekachja

Pekachja hat twa jier oer it lân regearre. Hy wykte neffens de Skrift net ôf fan de ôfgoaderij, dy't sûnt kening Jerobeäm I yn Israel wizânsje wie.

Mei help fan Argob en Arjé en fyftich man út Gilleäd spande Pêkach, in adjudant, gear tsjin kening Pekachja. De machtsgreep slagge en makke in ein oan it Hûs fan Menachem. Pêkach liet Pekachja ombringe en waard dêrnei sels kening fan it ryk.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: