De Sapphire Awards wiene in groep Amerikaanske prizen dy't fan 1995 oant 2005 ienris yn it jier útrikt waarden foar de bêste mingeling fan science fiction en romantyk fan it foargeande jier. De útrikking waard dien troch de Science Fiction Romance Newsletter, wylst de winners útornearje waarden troch in beneamde sjuery út nominaasjes dy't oanbrocht wiene troch de lêzers fan it blêd. Der wiene twa kategoryen: bêste roman en bêste koarte fiksje. Under de winners fan 'e prizen wiene skriuwers as Catherine Asaro, Lois McMaster Bujold en Linnea Sinclair.

Sapphire Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar romantyk yn SF-literatuer
útrikt troch Science Fiction Romance
   Newsletter
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1995
opheft 2005
offisjele webside
gjint

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: