Wikipedy:Keppelings by Ljouwert om

Keppelings by Ljouwert om binne ompaden fan trochferwizings.

By sa'n 'ompaad fan redirects' (redirects wurde ek wol synonimen neamd) ferwiist in redirect(side) nei in oare redirect(side). Dit is net winsklik en moat reparearre wurde. Soks giet sa: de tuskenlizzende redirectside moat oerslein wurde. De dûbelde redirect wurdt om samar te sizzen "koartsluten".

In dûbelde redirect kin maklik ûntstean by it omneamen fan in titel. De knop "Wat is hjirmei keppele" (fanôf in lemma mei tekst) jout in oersjoch fan siden dy't nei it lemma ferwize; yn dit oersjoch steane ek de redirects (ienris ynsprongen), dûbele (twarres ynsprongen), en oare mearfâldige redirects. Sa kin fêststeld wurde hokker redirects "koarstsluten" wurde moatte.

At in lemma it doel is fan in hiel soad trochferwizings, dan is it handiger om yn it sykfjild de âlde titel te selektearjen en dêrnei pas te kiezen foar de knop "Wat is hjirmei keppele". Elke redirect dy't nei de âlde namme ferwiist is in dûbelde redirect.

Der binne ek bot-programma's dy't in dûbelde redirect opspoare kinne.