Wikipedy:Synonym
In synonym is in titel dêr't gjin gewoane side by heart, mar dy't keppele is mei in side mei in oare titel. Folchje jo in keppeling nei in synonym, dan komme jo út by de side fan dy twadde titel. In synonym wurdt brûkt wêr't der mear as ien gaadlike titel is foar in side, om foar te kommen dat op de Wikipedy twaris deselde side skreaun wurde moat.
Hoenear synonimen
bewurkje seksje- By mear as ien ferzje of stavering fan in namme.
- By in keustnernamme.
- By in Latynsk wurd dêr't in Frysk wurd foar is.
- By in staveringsflater dy't mear makke wurdt.
- By in ôfkoarting.
- By alles dêr't jo fan tinke dat lju in oare kar meitsje sille as dy't makke is foar de titel fan de side.
Synonimen binne ús freonen; de Wikipedy wol graach in protte freonen hawwe.
In synonym oanmeitsje
bewurkje seksjeBewurkje
bewurkje seksjeIn synonym kinne jo oanmeistje troch dat as in gewoane side te bewurkjen. Op de "side" komt lykwols gjin tekst, mar skriuwe jo allinnich:
#REDIRECT [[sidenamme]]
(Yn stee fan sidenamme skriuwe jo fansels de titel dêr't de gewoane side by heart.)
Oerlêze en fêstlizze
bewurkje seksjeAs jo it synonym earst oerlêze wolle, dan liket dy sa:
1. Redirect sidenamme
At jo it fêstlizze wurdt it lykwols in synonym.
Gebrûk
bewurkje seksjeAt it synonym fêstlein is, dan kin dy krekt sa brûkt wurde as de gewoane titel fan dy side. Allinnich komt der by gebrûk fan in synonym krekt ûnder de titel de tekst:
(Trochwiisd fan "Earne oars")
Dy namme is in keppeling mei it synonym, dat as jo in synonym bewurkje wolle, dan kinne jo dy sa berikke.
Utlis tafoegje
bewurkje seksjeOm't in synonym gjin gewoane side is kinne jo der gjin útlis byskriuwe. (De wiki lit it al ta, mar it hat nuvere gefolgen, dat it is better fan net.) Wolle jo al útlis tafoegje, meitsje dan boppe-oan de oerlisside in kopke Synonym. Dêr kin dan sûnder oare gefolchen de útlis skreaun wurde.
In side feroarje ta in synonym
bewurkje seksjeJo kinne ek in side dêr't al tekst op stiet feroarje ta in synonym, bygelyks om't de Wikipedy twa kear deselde side hat. Meitsje de side leech, nei't jo de ynformaasje fan de side oernaam hawwe, en skriuwe dan it synonym.
It is lykwols baas en stjoer keppelings net troch it synonym, dat nei ôfrin moatte jo dan faaks noch âlde keppelings oanpasse. Op de side of op it synonym kinne jo de keppeling Wat is hjirmei keppele brûke om te sjen hokfoar siden oanpast wurde moatte.