Wikipedy:Utsûnderingsdoktrinebelied

Y.f.m. de Metaregels oangeande lisinsjes foar ôfbylden dy't net frij fan rjochten binne, tsjinnet dit dokumint as útsûnderingsdoktrinebelied foar de Fryske Wikipedy.

De doelen fan it útsûnderingsdoktrinebelied binne:

  • It ûnderstypjen fan it algemiene doel fan 'e Wikipedy om in digitale ensyklopedy te kreëarjen mei in ynhâld dy't frij fan rjochten is en sûnder beheinings ferspraat, oanpast en tapast wurde kin troch alle meidoggers en lêzers op lykfol hokker manear.
  • It belytsjen fan juridyske swierrichheden troch it beheinen fan ûnfrije ynhâld.
  • It fasilitearjen en yn goede banen lieden fan it sikuere gebrûk fan in beskate hoemannichte oan ûnfrije ynhâld om 'e ûntjouwing fan in digitale ensyklopedy fan hege kwaliteit te ûnderstypjen.

Regeljouwing

bewurkje seksje

Sa't ek al neamd wurdt yn it foarbehâld fan 'e Fryske Wikipedy, "kin it wêze dat der beheinings binne oan it brûken" fan 'e ôfbylden dy't op dizze Wikipedy steane. De lêzer is der sels ferantwurdlik foar om nei te gean hoe't dat krekt mei in beskaat ôfbyld sit en om him oan 'e wetlike regels te hâlden oangeande auteursrjocht. Yn 'e ûndersteande regeljouwing wurdt mei "ûnfrije ynhâld" bedoeld: alle ôfbylden en oare triemmen dêr't auteursrjocht op rêst en dy't gjin linsinsje fan frij gebrûk hawwe. Sok materiaal kin yn 'e Fryske Wikipedy inkeld brûkt wurde hoenear't oan alle folgjende betingsten foldien wurdt.

  • Gjin rjochtefrij alternatyf. Unfrije ôfbylden wurde allinnich mar tafoege en brûkt as der gjin rjochtefrij alternatyf ôfbyld bestiet fan itselde ûnderwerp en fan ferlykbere mooglikheden, dat itselde ensyklopedyske doel tsjinje kin. As it op ienigerlei wize ta de mooglikheden heart, moat in ûnfrij ôfbyld mei tastimming fan 'e rjochthawwende omset wurde ta in rjochtefrij ôfbyld, of oars ferfongen wurde troch in rjochtefrij ôfbyld sadree't sa'nent fan te oanfurdzjen kwaliteit beskikber komt. "Te oanfurdzjen kwaliteit" betsjut yn dit ferbân dat de kwaliteit fan it ôfbyld goed genôch is om 'e ensyklopedyske doelen fan 'e Wikipedy te tsjinjen.
  • Gjin ôfbylden fan libbene persoanen. Der meie gjin ûnfrije ôfbylden opladen wurde yn gefallen dêr't men ridlikerwize ferwachtsje kin dat immen in rjochtefrij ôfbyld fan itselde ûnderwerp oplade sil. Dy regel is fêstlein yn it linsinsjebelied fan 'e Wikimedia Foundation (ûnder kêst 3), dêr't eksplisyt ferwiist wurdt nei ôfbylden fan libbene persoanen. Salang't in persoan libbet, mei der neffens dizze regel ridlikerwize fan útgien wurde dat immen ea in rjochtefrij ôfbyld fan dy persoan (meitsje en) oplade sil. It opladen fan in ûnfrij ôfbyld fan dyselde persoan moat dêrom wachtsje oant nei syn of har ferstjerren. Utsûnderings op dizze regel jilde foar groepsfoto's, foar ôfbylden fan fiktive personaazjes spile troch (libbene) akteurs, en foar gefallen wêrby't de ôfbylde persoan eigenhandich in foto fan him- of harsels oan 'e Fryske Wikipedy beskikber stelt sûnder it auteursrjocht op te jaan.
  • Respekt foar kommersjele bedriuwen. Unfrije ôfbylden op 'e Wikipedy moatte net brûkt wurde op lykfol hokker manear dy't de oarspronklike kommersjele rol fan it orizjinele ûnfrije ôfbyld oantaast. Wannear't der bgl. in poster fan in beskaat ûnderwerp yn 'e hannel is, moat men derfoar soargje dat in gelikens ôfbyld dat op 'e Wikipedy brûkt wurdt, fan dusdanich legere kwaliteit is (lytser, legere resolúsje), dat it oangeande ôfbyld dy poster nea ferfange kin.
  • Minimaal tal fan opladen. Der moatte net ferskate ûnfrije ôfbylden fan itselde ûnderwerp opladen en brûkt wurde as ien ôfbyld likegoed foldwaan soe.
  • Minimaal mêd fan opladen. In hiel ôfbyld moat net opladen wurde as in (bysnien) diel fan dat ôfbyld ek foldwaan soe. As it bygelyks om in (ferstoarne) persoan giet en men wol in groepsfoto brûke dêr't dy persoan op stiet, laad dan net de hiele foto op, mar inkeld it diel dêrfan dêr't de oangeande persoan op stiet.
  • Minimaal gebrûk. It is de bedoeling dat in ûnfrij ôfbyld brûkt wurdt yn in sa lyts mooglik oantal artikels fan 'e Wikipedy. Foegje it dus net oan in artikel ta as dat net beslist nedich is.
  • Minimaal te oanfurdzjen resolúsje. By it opladen fan ûnfrije ôfbylden, benammen as it om foto's giet, moat in sa leech mooglike resolúsje (d.w.s. in sa lyts mooglike ferzje fan 'e foto) brûkt wurde om 'e rjochten fan 'e rjochthawwende sa min mooglik te beneidieljen. Mei "in sa leech mooglike resolúsje" wurdt hjir bedoeld: in resolúsje dy't sa leech mooglik is en dochs noch in ôfbyld fan te oanfurdzjen kwaliteit oerlit foar it ûnderstypjen fan it ensyklopedyske doel fan 'e Wikipedy.
  • Foargeande publikaasje. Unfrije ôfbylden hearre earder bûten de Wikipedy om publisearre te wêzen.
  • Eigentlik gebrûk. Unfrije ôfbylden moatte ek echt yn teminsten ien artikel brûkt wurde. It jout gjin foech en lis in database fan ûnfrije ôfbylden oan dy't net yn gebrûk binne.
  • Wichtigens. Unfrije ôfbylden moatte inkeld opladen en brûkt wurde hoenear't har ôfwêzigens it begryp ûnder lêzers fan it ûnderwerp fan it artikel geweld oandwaan soe, of hoenear't se mei har oanwêzigens in sinjifikante bydrage leverje oan it ferbetterjen fan 'e kwaliteit fan it artikel dêr't se oan tafoege wurde.
  • Pleatsingsbeheinings. Unfrije ôfbylden meie inkeld brûkt wurde yn artikels of yn siden dy't fan dy artikels ôflaat binne (lykas in Side fan 'e Wike), mar net yn bgl. betsjuttingssiden of opsommingslisten.
  • Beskriuwing op 'e ôfbyldside. Op 'e side fan it ûnfrije ôfbyld moat de folgjende ynformaasje werjûn wêze:
    • in omskriuwing fan it ôfbyld
    • de boarne fan it ôfbyld
    • de makker, ynsafier bekend, en de eigner (rjochthawwende), ynsafier't dat net de makker is, fan it ôfbyld
    • it doel fan it opladen fan it ôfbyld nei de Wikipedy
    • it artikel of de artikels dêr't it ôfbyld yn brûkt wurdt
    • de kâns op ferfangberens fan it artikel troch in rjochtefrij ôfbyld fan te oanfurdzjen kwaliteit
    • eventuele oare ynformaasje dy't fan belang is oangeande auteursrjochtlike status fan it ûnfrije ôfbyld
Der bestiet in berjocht dat hjirfoar oan 'e ôfbyldside tafoege en ynfolle wurde kin: Berjocht:Unfrij ôfbyld.

In ûnfrij ôfbyld mei in jildige reden of tastimming fan 'e rjochthawwende foar gebrûk op 'e Wikipedy mei stean bliuwe. As it lykwols brûkt wurdt yn artikels dêr't foar it gebrûk gjin ôfdwaande reden bestiet, kin it op dy siden fuorthelle wurde. As in ûnfrij ôfbyld opladen is nei de Wikipedy mar yn gjin inkeld artikel brûkt wurdt, kin it wiske wurde nei in warskôgingsperioade oan 'e oplader fan net minder as sân dagen. Om wiskjen fan in ûnfrij ôfbyld foar te kommen, moat de oplader derfoar soargje dat it brûkt wurdt yn teminsten ien artikel op 'e Wikipedy dêr't it in wichtige funksje ferfollet, en dat der in goede en folsleine beskriuwing fan it ôfbyld op 'e ôfbyldside stiet.