Wikipedy oerlis:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2011

Lêste reäksje: 13 jier lyn troch Geoffrey by it ûnderwerp Nije siden fan de wike foar 2011

Nije siden fan de wike foar 2011

bewurkje seksje

Ik bin sa frij west om foar 2011 te besjen at wy wer 52/53 nije siden fan de wike krije kinne. Mochten wy it net rêde dan kinne we siden fan de wike út 2010 op 'e nij presintearje. Om dizze siden op de haadsiden te krije moat oan de ein fan it jier in lytse oanpassing dien wurde oan it berjocht haadside-midden.J'88 13 okt 2010, 00.12 (CEST)Beäntwurdzje

Ik bin sa frij west en ha it artikel oer Edzard de Grutte yn de twadde wike set en it artikel fan Kurasau nei wike 51 ta helle. --Geoffrey 3 jan 2011, 20.45 (CET)Beäntwurdzje
Hie it sjoen, kin moai sa. Oan de ein fan de jier kin der ek noch wol in 'Fryske side' by tink ik. Wêr't dy oer gean moat wit ik net, misskien dat der noch in side is dy't skreaun wurde kin of fierder útwreide. Misskien de side oer East-Fryslân of de Fryske Frijheid. Ek de side oer it Greefskip Eastfryslân soe wat wêze kinne, mar dy moat noch in heul stik útwreide wurde dan. Dêrnjonken tink ik oan in side fan ien fan de Fryske eilannen, hokker dat wêze moat wit ik dan net. J'88 3 jan 2011, 20.52 (CET)Beäntwurdzje
Lângoud Stoutenburg stie twa kear yn de list. Dat ik haw de earste fuort helle en Goudene sneed op dy wike setten. Dêrtroch is der no romte foar in Frysk stik oer. De side oer de Lege Wâlden is wol wat. Mar mist noch wat plaatsjes en moat noch in bytsje neisjoen wurde tink ik. J'88 6 jan 2011, 11.27 (CET)Beäntwurdzje
Is it stik oer de Ljouwerter Krante noch wat foar ien fan de iepen plakken? J'88 28 jan 2011, 11.17 (CET)Beäntwurdzje
Doch mar, neffens my kinne der better mear siden komme dy't wat mei Fryslân of de Fryske taal te meitsje hawwe. Yn alle gefallen dat hat by my de foarkar. Gr. --Geoffrey 28 jan 2011, 23.12 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de projektside "Haadside-ynfo/Side fan de wike 2011".