Wikipedy oerlis:Parseberjocht/24 july 2007

(Trochferwiisd fan Wikipedy oerlis:Parseberjocht/25 april 2018)
Lêste reäksje: 17 jier lyn troch Theun by it ûnderwerp Parsekontakt

Parseberjocht,

Ik sil nei it skriuwen fan de 5.000ste side in parseberjocht stjoere. Ik haw in spesjaal e-post adres makke sa't eltsenien lêze kin wat ik dien haw. As jimme it der net mei iens binne moatte jimme efkes lûd jaan.

  • Foar it e-post adres sjogge jim earst op [www.gmx.net]
  • Dan logge jim yn mei dit adres, wikipedy.frysk@gmx.net
  • En it kaaiwurd is: fiiftuzen

It kaaiwurd sûnder dakje boppe de u fan fiiftuzen skriuwe (koe it systeem net oan). Groetnis Kening Aldgilles 24 jul 07 20:54 CET

Ik fyn it prima--Geoffrey 24 jul 2007, 22.17 (CEST)Beäntwurdzje
It parseberjocht is ferstjoerd, oars soene wy net mear hjoed skriuwe kinne yn it parseberjocht. Moarn mar ris yn kranten en op ynternetsiden sjen.
It parseberjocht is stjoerd nei
  • redactie (at) frieschdagblad.nl
  • redactie (at) leeuwardercourant.nl
  • redaksje (at) omropfryslan.nl
  • zfr (at) hoekstra-uitgeverij.nl
  • mid (at) hoekstra-uitgeverij.nl
  • redactie (at) nieuwsbladnof.nl
  • info (at) friiske.de
  • info (at) friesischesforum.de
  • info (at) fryskebeweging.nl,
Groetnis Kening Aldgilles 24 jul 07 22:37 CET


Ik haw it ek noch mar efkes oan meta:User talk:Walter trochjûn foar in berjochtsje yn it Wikizine.
@Aldgilles, hiene jo no gjin oare side mei in wat saaier ûnderwerp oanmeitsje kinnen, wat minsken lokket mei hobby's sa as skiednis, kantklosse of fan de geitefok? Ik hoopje dochs net dat dit in bult opsketten jongelju op it idee bringt om hjir de boel wat te fernielen. Theun 25 jul 2007, 21.28 (CEST)Beäntwurdzje

Parsekontakt

bewurkje seksje

Ik fûn tongersdeitejûn noch in meeltsje yn myn meelboks fan woansdeitemiddei fan in meiwurker fan Omrop Fryslân, sy hie fia fia heart dat ik oan de wikipedy meiwurke en woe graach wat ynformaasje oer de wiki foar in reportaazje nei oanlieding fan de 5.000 side. Spitich genôch helje ik myn meel net eltse die op en seach ik dit fiersten te let. Ik haw se fannemoarn belle mar it wie no fansels net mear aktueel.
It is tink wichtich foar in folgjende kear dat wy in parsekontakt(-en) yn it parseberjocht derby sette, blykber hawwe de minsken noch wol in protte fragen oer wat de wikipedia is en hoe at it wurket. Theun 27 jul 2007, 19.42 (CEST)Beäntwurdzje

Parseberjocht 21 desimber 2008

bewurkje seksje
Neat mear oandwaan neffens my.

Is it net wat om it parseberjocht ek nei inkele websiden ta te stjoere? Ik tink dan oan bygelyks [1]. J'88

Werom nei de projektside "Parseberjocht/24 july 2007".