Willem Barendsz (II)

De Willem Barendsz (II) wie it twadde Nederlânske walfiskfabryksskip (nei de Willem Barendsz (I). It waard tusken 1955 en 1964 brûkt as memme- en fabryksskip foar njoggen walfiskekspedysjes yn 'e wetters om Antarktika hinne foar de Nederlandsche Maatschappij voor de Walvischvaart (NMW).

Willem Barendsz (II)
Proeffeart Willem Barendsz II
Proeffeart Willem Barendsz II
algemiene ynformaasje
flagge Flagge fan Nederlân NED
Flagge fan Súd-Afrika SAF
Súdkoreaansk
thúshaven Amsterdam
eigner NMW
1964: Willem Barendsz Co
1973: Korea Wonyang Fisheries Co Ltd
oare namme(n) 1973: Yue Sin; 1978: Gae Cheog No I; 1981: Gae Chog; 1988: Ocean Pioneer; 1996: Gae Chog
skiednis
werf NV Dok en Werf Maatschappij Wilton-Fijenoord, Skiedam
kyllizzing 2 novimber 1953
tewetterlitting 20 novimber 1954
yn de feart 9 july 1955
út tsjinst 27 oktober 1965
status sloopt
bysûnderheden en sifers
type walfiskfabryksskip
lingte 206,49 meter
breedte 27,50 m
djipgong 11,30 m
tonnaazje 26.830 brt
passazjiers 1456
oandriuwing 2 MAN-diselmotoren 10.500 pk,
2 skroeven
maks. faasje 14,5 knopen
 
Bou fan de Willem Barentdz II op werf Wilton Fijenoord

It skip waard yn 1951 troch de NMW besteld by skipswerf NV Dok en Werf Maatschappij Wilton-Fijenoord yn Schiedam. De doop, troch mw H.J. Mansholt-Postel [1] en tewetterlitting fan it skip op 20 novimber 1954 wie in nasjonaal barren mei ûnbidige media-omtinken en waard sjoen as in wichtige eksponint fan de nei-oarlochske weropbou. De oerdracht fan de werf oan de eigener wie op 9 july 1955.

Yn 1964 besleat de NMW om meo it bedriuw op te hâlden fanwegen tanimmende fangstbeheiningen. Om de fangstrjochten foar de seizoenen 1964/65 en 1965/66 ta jild meitsje te kinnen, moast tagelyk ek it skip ferkocht wurde. Dat barde yn 1964, mar wol sa dat it skip daliks wer weromkocht waard. Dêrnei waard it skip ferkocht oan Atlantic Harvesters (Pty) Ltd, in fiskerijûndernimming yn Súd-Afrika dy 't it skip nei de nedige ferbouwings brûke soe foar de produksje fan fiskmoal, fiskoalje en oare produkten oan de Súd-Afrikaanske kust. Dêrta waard spesjaal Willem Barendsz Co Ltd oprjochte, dêr't de NMW in oandiel yn naam. Op 27 oktober 1965 waard it skip oan de nije eigener oerdroegen. It hold de namme Willem Barendsz, mar no mei thúshaven Kaapstêd. Op 8 febrewaris 1966 gie de Willem Barendz foar altyd út Amsterdam wei nei Kaapstêd. Nei in ferbouwing kaam it yn 1967 yn de feart.

Yn 1973 waard it skip ferkocht oan Korea Wonyang Fisheries Co Ltd yn Busan (Súd-Koreä) en omdoopt yn Yu Sin (offisjeel: Yu Sin Ho, 'herfoarmingsskip'). It waard omboud ta fiskmoalferwurkingsskip. Op 5 maaie 1974 sette it foar de earste kear ôf mei in float fan achttjin fiskersskippen foar it earste fiskseizoen yn de Beringsee, dat yn oktober einige. Yn de dêropfolgjende jier waard it skip fierder oanpast mei djipfriesynstallaasjes en in twadde fiskmoalmasine. Op 5 maaie 1976 gie it út Busan wei foar it twadde fiskseizoen yn de Beringsee, no mei in float fan tritich fiskersskippen. As gefolch fan delgeande fiskkwota's foar de Beringsee bleau it skip yn de jierren dêrnei oplein, en waard it allinnich ynsidinteel noch foar de Súd-Koreaanske kust ynset.

Yn 1978 waard it skip wer omdoopt yn Gae Cheog No I (offisjeel: Gae Cheog Ho No I, 'pioniersskip'), yn 1980 ynkoarte ta Gae Cheog. Earst yn jannewaris 1981 gie it wer út Busan wei nei de Beringsee foar it tredde fiskseizoen, dat no oant novimber duorre. Dat barde wer yn de jierren dêrnei. Yn 1983 waard it skip lykwols wer oplein. Yn 1986 krige it skip de namme Ocean Pioneer en waard it opnij ynset yn de Beringsee. Yn 1996 krige it skip de namme Gae Cheog werom.

Yn 2001 waard it skip ferkocht oan in sloperij yn Xinhui (provinsje Guangdong, Sina). Op 1 juny 2001 kaam it yn Xinhui oan. Dêrnei is it sloopt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.R. Bruijn, De Nederlandse Maatschappij voor de Walvisvaart 1946-1967, yn: Economisch- en Sociaal-Historisch Jaarboek 48 (1985), De Haach, 1985, s. 233-257
  • W.J.J. Boot, De Nederlandsche Maatschappij voor de Walvischvaart, Amsterdam, 1987, ISBN 9067071293
  • H.J.A. Dessens, G.J. van Dijk, Vinke & Co 1860-1985, Alkmaar, 1996, s. 43-46, 102-110, ISBN 9060130634
  • W. van der Plas, P. Dekker, G.L. van Duijn, A. van Duijn, Katwijkers op de walvisvaart, Katwijk, 2002, ISBN 9080031194
  1. Frou fan Sicco Mansholt, minister fan Lânbou en Fiskerij