Willem Lindanus (Doardt, 1525 - Gint, 2 novimber 1588) wie in geastlik kommissaris 'ynkwisiteur' en learde. Hy skreau in santichtal wurken en wie befreone mei Joachim Hoppers.

Wilhelm Lindanus

Syn Nederlânske namme wie Willem Damaszoon van der Lindt.

Yn 1557 kaam er yn Fryslân as in geastlik kommissaris as opfolger fan Herman fan Lethmate. Hy besocht reedlikens en strangens te kombinearjen. As agressyf net-Fries kaam er yn botsing mei de Fryske geastlikheid, ûnder oare Ysbrecht fan Harderwijck. Sa waard er gau as net-winske beskôge, ek by de roomsken. Hy wie slachtofffer fan de Fryske frijheidssin. Lindanus kaam ek yn ferset tsjin de ûnseedlikens fan de Fryske geastliken. Doe't er harren rjochten oantaaste moast er yn 1560 wike. Opfolger waard de Fries Hajo fan Wommels.

Hy wie de earste biskop fan Roermond (1562-1588) en twadde biskop fan Gint (1588-1588).

Literatuer bewurkje seksje

  • P.Th. van Beuningen, Wilhelmus Lindanus als inquisiteur en bisschop. Bijdrage tot zijn biografie (1525-1576) (diss. Nijmegen), Assen: Van Gorcum 1966. Digitaal te rieplachtsjen

Keppelingen om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: