Willem Lodewijk van Helten
Willem Lodewijk van Helten (Hedel, 30 augustus 1849 - De Haach, 16 maart 1917) wie in taalkundige. Hy bestudearre it iere Nijnederlânsk, Midnederlânsk, Aldfrysk, Sanskryt en de âlde germanistyk.
Van Helten wie fan 1870 oant 1882 learaar Nederlânsk en skiednis, earst oan de hbs yn Tiel, letter oan de hbs en it Erasmiaans Gymnasium yn Rotterdam. Yn 1882 waard Van Helten oan de Ryksuniversiteit Grins beneamd ta heechlearaar Nederlânske taal- en letterkunde, in funksje dy't er oant 1911 ferfolde; ek wie er dêr oant 1889 heechlearaar Begjinsels fan it Sanskryt. Yn it akademysk jier 1893/1894 wie er rector magnificus fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1894 waard er keazen as lid fan de Keninklike Akademy fan Wittenskippen.